Fluch oan:

Enerzjytaslach 2023 oanfreegje

Jo kinne oant 1 april 2024 de enerzjytaslach fan 2023 oanfreegje.

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Buertservicepunt helpt jo by it ynfullen fan it oanfraachformulier. Buertservicepunt sit yn alle buert- en doarpskeamers fan de gemeente Ljouwert en yn DBieb.

Oare fragen?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Enerzjytaslach 2023 foar húshâldens mei in leech ynkommen

De enerzjytaslach fan 2023 is foar húshâldens mei in ynkommen oant 125% fan ’e bystânsnoarm. Dat is sûnder fakânsjejild. De taslach is € 800,-.
Guon húshâldens hawwe de enerzjytaslach fan 2023 automatysk krigen. Sy hawwe hjiroer in brief krigen. Ynwenners dy’t de enerzjytaslach net automatysk krije, kinne de taslach sels oanfreegje fia ús webside.

Betingsten

Jo hawwe rjocht op de enerzjytaslach as de folgjende betingsten foar jo jilde op de earste dei fan ’e moanne dêr’t jo de oanfraach yn dogge:

  • Jo binne 18 jier of âlder;
  • Ynwenners fan de gemeente Ljouwert;
  • Jo binne yn it besit fan in jildich Nederlânsk identiteitsbewiis of in jildige ferbliuwsfergunning;
  • Jo hawwe in enerzjykontrakt fan in enerzjymaatskippij. Dy stiet op jo eigen namme. Of jo wenje yn in selsstannige wenromte en hawwe in all-in hierkontrakt op jo eigen namme. In all-in hierkontrakt is in hierkontrakt ynklusyf de gaskosten en elektrisiteitskosten dy’t jo oan de ferhierder betelje. In selsstannige wenning is in wenromte mei in eigen tagong en eigen keuken en wc.
  • Jo hiene yn ’e moanne septimber 2023 in ynkommen dat leger wie as 125% fan ’e bystânsnoarm. It giet om ynkommen sûnder fakânsjejild.
  • Jo hawwe de enerzjytaslach 2023 noch net krigen.

Studinten krije gjín enerzjytaslach fan de gemeente

Yn tsjinstelling ta ferline jier ûntfange studinten dy’t rjocht hawwe op stúdzjefinansiering gjín enerzjytaslach fan de gemeente Ljouwert. Studinten kinne in ienmalige temjittekomming fan de DUO (Dienst Uitvoering Onderwijs) krije.

Mear ynformaasje en de betingsten fine jo op de webside fan DUO.

Tydlik Needfûns Enerzjy

Hawwe jo in leech ynkommen en in hege enerzjyrekkening? Miskien kinne jo (ek) in fergoeding krije fan it Tydlik Needfûns Enerzjy. Gean nei de pagina Tydlik Needfûns Enerzjy foar mear ynformaasje.

Faak stelde fragen

Hokker dokuminten binne nedich om de enerzjytaslach oan te freegjen?

  • De ynlochgegevens fan jo DigiD.
  • In jildich legitimaasjebewiis (paspoart of identiteitskaart) fan jo en jo eventuele partner.
  • Jo bankpas of bankôfskrift.
  • In enerzjykontrakt, in jierôfrekkening of moannenota fan jo enerzjymaatskippij. By in selsstannige wenning is jo all-yn hierkontrakt genôch.
  • In oersjoch fan it netto-ynkomen fan jo en jo eventuele partner fan de moanne septimber 2023.
  • In oersjoch fan de oare ynkomsten fan jo en jo eventuele partner yn de moanne septimber 2023. Tink bygelyks oan keamerhier, alimintaasje of kostgongers.

Wat telt mei as ynkommen by it oanfreegjen fan de Enerzjytaslach 2023?

Wy sjogge bygelyks nei:

  • Lean.
  • Utkearing. Bygelyks WW, ZW, WIA, WAO, bystân of elke oare sosjale útkearing.
  • AOW en oanfullen pensjoen.
  • Ynkommen út eigen ûndernimming.
  • Ynkommen út ferhier.
  • Alimintaasje (hjir giet it om partner- en berne-alimintaasje).

Telt de enerzjytaslach mei as ynkommenh?

Nee. Dit is in jefte en telt dêrom net mei as ynkommen. De enerzjytaslach hat dus gjin ynfloed op in útkearing. En ek net foar de taslaggen dy’t jo fan de Belestingtsjinst krije.

Wannear ûntfang ik de enerzjytaslach?

As jo it oanfraachformulier folslein ynfuld hawwe, hearre jo binnen 8 wike oft jo rjocht hawwe op de enerzjytaslach.

Kontrolearje jim myn gegevens fan it oanfraachformulier?

Ja. Wy kinne by de oanfraach en efternei jo gegevens kontrolearje. Dat meie wy dwaan by oare organisaasjes en persoanen. Dat kin ynformaasje wêze oer jo of jo partner, dy’t wichtich is foar de enerzjytaslach. Sa kinne wy kontrolearje oft jo rjocht hawwe op de enerzjytaslach.

As letter bliken docht dat jo gjin rjocht op fergoeding hiene, dan moatte jo dit bedrach werombetelje.

Kin ik de enerzjytaslach fan 2022 noch oanfreegje?

Nee, it oanfreegjen fan enerzjytaslach oer it jier 2022 kin net mear.

Kinne jim my helpe om enerzjy te besparjen?

Ja. Enerzjycoaches kinne jo helpe. Bygelyks om te sjen oft jo cv-tsjettel suniger ôfsteld wurde kin. Lytse oanpassingen kinne al in in hiel soad enerzjyferbrûk en jild skele.

Is der in priisplafond foar enerzjy yn 2024?

Nee. It priisplafond foar enerzjy jilde oant en mei 31 desimber 2023. Yn 2024 jildt der gjin maksimale priis mear foar gas, stroom en stedsferwaarming. Wol kin it priisplafond noch te sjen wêze op de jiernota dy’t jo krije fan jo enerzjyleveransier yn 2024. Dat komt om’t de jiernota fan de enerzjyleveransier net altyd lykop rint mei it kalinderjier.
Mear ynformaasje fine jo op de webside fan Rijksoverheid.

Op hokker regelingen en taslaggen ha ik noch mear rjocht?

Doch de check fia de webside Dat geldt voor mij.

Wat is it ferskil tusken de enerzjytaslach fan de gemeente en it Tydlik Needfûns Enerzjy?

It Tydlik Needfûns Enerzjy is in stifting dy’t lanlik húshâldens mei in leech ynkommen en hege enerzjyrekkening in fergoeding biedt. De enerzjytaslach fan de gemeente Ljouwert is allinnich bedoeld foar ynwenners fan de gemeente Ljouwert. Dêrby wurdt it Tydlik Needfûns Enerzjy utjûn oer it jier 2024. De enerzjytaslach net. Fierder is de enerzjytaslach bedoeld foar húshâldens mei in ynkommen oant 125% fan de bystânsnoarm en it Tydlik Needfûns Enerzjy foar húshâldens mei in ynkommen oant 200%.

Kin ik rjocht hawwe op sawol de enerzjytaslach fan de gemeente en it Tydlik Needfûns Enerzjy?

Ja, dat kin as jo oan de betingsten fan beide regelingen foldogge.

Fragen of help nedich?

Help nedich by it oanfreegjen fan de Enerzjytaslach?

Buertservicepunt helpt jo by it ynfullen fan it oanfraachformulier. Buertservicepunt sit yn alle buert- en doarpskeamers fan de gemeente Ljouwert en yn DBieb.

Help nedich by jo jildsaken?

Op de pagina Help by Jildsaken en Skulden fine jo mear ynformaasje.

Oare fragen?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.