Bysûndere bystân
Wenjen, klean, iten en drinken. Dizze útjeften hawwe wy allegear. Mar soms komme jo foar ekstra kosten te stean. Is jo ynkommen te leech om dit sels te beteljen? Dan kinne jo hjirfoar bysûndere bystân oanfreegje. It kin gean om kosten foar in advokaat of bewâldfierder. Of der bart wat ûnferwachts wêrtroch’t jo ekstra kosten meitsje moatte. Dit wurdt útlein yn it folgjende filmke.
Foar wa?
Elkenien mei in leech ynkommen en mar in bytsje sparjild kin bysûndere bystân oanfreegje. Bygelyks as jo:
- In útkearing ûntfange.
- In leech pensjoen ûntfange.
- In leech salaris ûntfange.
Wêr wurdt nei sjoen?
Wy sjogge nei hoe heech oft jo eigen ynkommen is. As jo in heger ynkommen hawwe, dan kinne jo ek mear sels betelje. Hawwe jo in leger ynkommen, dan kinne jo minder sels betelje.
Wy sjogge ek nei hoefolle sparjild oft jo hawwe:
Allinnichsteand persoan
Hawwe jo mear (spar)jild as € 3.788,-? Dan moatte jo earst jo eigen jild brûke foar de bysûndere kosten dy’t jo hawwe. As der dêrnei noch kosten oerbliuwe, dan beoardielje wy oft jo hjirfoar bysûndere bystân krije kinne.
Troud of allinnichsteande âlder
Hawwe jo mear (spar)jild as € 7.575,-? Dan moatte jo earst jo eigen jild brûke foar de bysûndere kosten dy’t jo hawwe. As der dêrnei noch kosten oerbliuwe, dan beoardielje wy oft jo hjirfoar bysûndere bystân krije kinne.
Wêr wurdt fierder nei sjoen?
- It giet om útsûnderlike en nedige kosten. Dat betsjut dat it kosten binne dy’t jo gewoanwei net meitsje, mar dy’t jo no wol meitsje moatte. Soms freegje wy oan in dokter of immen oars oft de kosten nedich binne.
- De kosten binne net ûntstien troch jo eigen skuld.
- It giet om kosten dêr’t gjin oare oplossing foar mooglik is. Jo kinne de kosten nergens oars fergoede krije. Betellet bygelyks de soarchfersekerder jo kosten? Of krije jo de kosten betelle fia de Belestingtsjinst? Dan krije jo gjin of minder bysûndere bysân. As dy oare organisaasje de kosten net nedich fynt, dan kinne jo gjin bysûndere bystân ûntfange.
- It binne kosten dy’t jo noch meitsje moatte. Freegje de bysûndere bystân oan foar’t jo de kosten meitsje.
Foarbylden fan kosten
Hjir fine jo foarbylden fan kosten dêr’t jo miskien bysûndere bysân foar krije kinne. By elke oanfraach sjogge wy nei jo persoanlike situaasje
Enerzjykosten
Hawwe jo enerzjykosten? Dan moatte jo dy yn it foarste plak betelje fan jo ynkommen. Dat is sa om’t it kosten binne dy’t elkenien hat. Hawwe jo troch bysûndere omstannichheden ekstra enerzjykosten dy’t needsaaklik binne? Dan is soms bysûndere bysân foar dy ekstra kosten mooglik. Bygelyks as jo de kachel heger sette moatte yn ferbân mei in sykte. Jo kinne dan foar de ekstra kosten bysûndere bysân oanfreegje.
Wenkosten
Is jo ynkommen hommels sakke? En hawwe jo in hege hier of hege hypoteeklêsten dy’t jo dêrtroch net mear betelje kinne? Dan kinne jo miskien wenkostetaslach krije. Dit is in foarm fan bysûndere bystân. Soms ferwachtsje wy dan wol fan jo dat jo op syk gean nei in oare wenning.
Ferhúskosten
Sille jo ferhúzje? Dan ferwachtsje wy dat jo sparje foar dizze kosten. Is de ferhuzing needsaaklik en ûnferwachts? Dan hawwe jo miskien foar de ferhúskosten rjocht op bysûndere bystân.
Reiskosten
Soms moatte jo ynienen ekstra reiskosten meitsje. Bygelyks om:
- In besite te bringen oan in siik famyljelid.
- In besite te bringen oan in úthûspleatst bern.
- In besite te bringen oan in famyljelid yn de finzenis.
- Nei it IND-loket yn Swolle te gean
Kosten fan in bewâldfiering
As jo in bewâldfierder hawwe dan moatte jo hjir kosten foar betelje. Hjir kinne jo bysûndere bystân foar oanfreegje.
Húshâldlike apparaten en wenningynrjochting
Jo waskmasine of kuolkast kin stikken gean. It ferfangen of reparearjen fan sokke saken kostet faak in soad jild. Se hearre by de deistige kosten, dêr’t jo sels foar hearre te sparjen. Ek as jo in leech ynkommen. Dochs kinne der bysûndere omstannichheden wêze dy’t meitsje dat jo hjirfoar net sparje koene. Soms hawwe jo dan rjocht op bysûndere bystân. Hawwe jo yn it ôfrûne healjier Yndividuele Ynkommenstaslach ûntfongen? Dan gean wy derfan út dat jo dit jild brûke om in nij apparaat te keapjen.
Skuon en klean
Der kinne bysûndere omstannichheden wêze wêrtroch’t jo ûnferwachts oare klean en/of skuon keapje moatte en jo dit net fan jo ynkommen betelje kinne. Bygelyks troch in hommelse ta- of ôfname yn jo gewicht troch in oantoanbere medyske oandwaning. Of ekstra kleanslytaazje by sykte. Foar dizze kosten is soms bysûndere bystân mooglik.
Mielfergoeding / Dieetkosten
Elkenien makket kosten foar iten. Binne jo troch jo âldens of handicap oanwiisd op de (waarm) mielfoarsjenning? Dan kinne jo rjocht hawwe op bysûndere bystân foar de mearkosten fan in mielfoarsjenning. Mearkosten binne de kosten dy’t jo méár kwyt binne oan in miel iten om’t jo it miel sels net fersoargje kinne. Soms moatte jo in medysk needsaaklik dieet folgje dat djoerder is as gewoan iten. Foar de mearkosten is soms bysûndere bystân mooglik.
Kosten útfeart
Is in famyljelid ferstoarn en hawwe jo gjin jild foar de begraffenis of kremaasje? Dan kinne jo bysûndere bystân oanfreegje. Dit is in fergoeding foar de kosten fan de begraffenis of kremaasje. Utfeartkosten wurde yn prinsipe betelle út de erfenis en/of útfeartfersekering fan de ferstoarne. Is dit net mooglik? Dan moatte dizze kosten troch de erfgenamten mei-inoar betelle wurde. Kinne jo as erfgenamt jo part fan de útfeartkosten net betelje? Dan kinne jo hjirfoar bysûndere bystân oanfreegje. Om foar in fergoeding fan útfeartkosten yn oanmerking te kommen moatte jo erfgenamt wêze. Der binne noch mear betingsten. By it bepalen fan in fergoeding foar útfeartkosten wurdt útgien fan in sobere begraffenis of kremaasje.
Bysûndere bystân oanfreegje mei in útkearing
Untfange jo in útkearing fan de gemeente Ljouwert? Jo kinne bysûndere bystân digitaal oanfreegje (mei in DigiD).
Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?
Download it Oanfraachformulier bysûndere bystân útkearingsberjochtigen (PDF, 456.34 KB en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Bysûndere bystân oanfreegje sûnder útkearing
Untfange jo gjin útkearing fan de gemeente Ljouwert? Jo kinne bysûndere bystân digitaal oanfreegje (mei in DigiD).

Download it Oanfraachformulier bysûndere bystân sûnder bystânsútkearing (PDF, 468.2 KB en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Werûndersyk bysûndere bystân foar bewâldfieringskosten
Bysûndere bystân foar bewâldfieringskosten wurdt jûn sûnder fêste eindatum. Dit betsjut dat jo net elk jier bysûndere bystân hoege oan te freegjen foar dy kosten.
Feroaret it lanlik fêststelde bedrach foar bewâldfieringskosten en kuratorkosten?
Dan passe wy dit automatysk foar jo oan. Jo hoege hjirfoar neat oan ús troch te jaan.
Feroaret de bewâldfiering omdat jo situaasje feroaret?
Dan jouwe jo dit oan ús troch.
Hawwe wy mear ynformaasje fan jo nedich?
Dan stjoere wy jo in brief. It kin wêze dat wy mear ynformaasje fan jo nedich hawwe om te bepalen oft jo bysûndere bystân krije foar de bewâldfieringskosten. Jo kinne dit digitaal regelje. Kinne of wolle jo dit net digitaal regelje? Nim dan kontakt mei ús op.
Kontrolearret de gemeente ek?
Ja. Wy kinne ynformaasje opfreegje by in arts of oare saakkundige om te bepalen oft de kosten echt nedich binne.
Kontrolearje sels wêr’t jo rjocht op hawwe
Wolle jo witte op hokker regelingen en taslaggen oft jo rjocht hawwe? Doch de check fia de webside datgeldtvoormij.
Fragen of help nedich?
Gean lâns by de buert- of doarpskeamer by jo yn ’e buert. Of nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.