Fluch oan:

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Download it formulier Yndividuele ynkommenstaslach oanfreegje en ful yn. Foar ekstra ynformaasje, download de taljochting 2024. Stjoer it formulier nie de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Wat binne de betingsten?

  • Jo geane net nei skoalle en studearje net.
  • Jo binne tusken 21 jier en de AOW-leeftyd.
  • Jo ynkommen fan 2023 is net heger as it bedrach út tabel 1 (sjoch kopke ‘Bedraggen’).
  • Jo ynkommen yn 2022 wie net heger as it bedrach út tabel 2 (sjoch kopke ‘Bedraggen’).
  • Jo ynkommen yn 2021 wie net heger as it bedrach út tabel 3 (sjoch kopke ‘Bedraggen’).
  • Jo fermogen fan 2023 is net heger as it bedrach út tabel 4 (sjoch kopke ‘Bedraggen’).
  • Jo fermogen fan 2022 wie net heger as it bedrach út tabel 5 (sjoch kopke ‘Bedraggen’).
  • Jo fermogen fan 2021 wie net heger as it bedrach út tabel 5 (sjoch kopke ‘Bedraggen’).
  • Jo hawwe de ôfrûne trije jier foldwaande dien om jo ynkommen te ferbetterjen. Behalve as jo fan dy ynspanningen frijsteld wiene.
  • Jo hawwe yn de ôfrûne trije jierren alle gegevens oan ús ferstrekt dy’t wy by jo opfrege hawwe (ynlichtingeplicht).

Let op: ek it ynkommen en fermogen fan jo eks-partner(s) telt mei as jo yn de 36 moannen foarôfgeand oan jo oanfraach mei dy eks-partner(s) troud of tegearrewenjend west hawwe. Hawwe jo earder de ynkommenstaslach ûntfongen, dan kinne jo dizze ien jier nei de fêststelde peildatum opnij oanfreegje.

Binne jo troud of wenje jo tegearre?

Dan freegje jo de ynkommenstaslach tegearre oan.

Krije jo in útkearing fia de Partisipaasjewet?

Dan krije jo allinnich in ynkommenstaslach as jo de ôfrûne 3 jier altyd alle ynformaasje jûn hawwe dy’t nedich wie foar jo útkearing.

Gjin taslach oer foarige jierren

Jo kinne gjin yndividuele ynkommenstaslach oanfreegje oer foarige jierren.

Automatysk yndividuele ynkommenstaslach krije?

Jo krije de yndividuele ynkommenstaslach automatysk as jo foldogge oan de folgjende betingsten:

  • Jo hawwe de ynkommenstaslach earder krigen.
  • Jo situaasje is gelyk bleaun.
  • De gemeente hat gjin eindatum jûn foar jo taslach.
  • Jo krije in útkearing fia de Partisipaasjewet.

Bedraggen

Tabel 1: Hoefolle ynkommen meie jo ûntfange?

As jo ynkommen leger is as de bedraggen yn dizze tabel, hawwe jo rjocht op in yndividuele ynkommenstaslach.

Jo krije de taslach allinnich as jo ek foldogge oan de betingsten ûnder it kopke ‘Wat binne de betingsten?’.

Ynkommen 2024:

Leeftiid Allinnichsteande (âlder) Troud/tegearre wenjend
18-20 jier, thúswenjend € 301,09 per moanne € 602,19 per moanne
18-20 jier, útwenjend € 1.203,79 per moanne € 1.710,64 per moanne
21 jier oant AOW-leeftiid € 1.219,64 per moanne € 1.742,34 per moanne
Ferbliuw yn in ynrjochting € 428,18 per moanne € 695,69 per moanne

Ynkommen 2023:

Leeftiid Allinnichsteande (âlder) Troud/tegearre wenjend
18-20 jier, thúswenjend € 280,44 per moanne € 560,88 per moanne
18-20 jier, útwenjend € 1.121,12 per moanne € 1,593,16 per moanne
21 jier oant AOW-leeftiid € 1.135,87 per moanne € 1.622,68 per moanne
Ferbliuw yn in ynrjochting € 362,59 per moanne € 609,48 per moanne

Ynkommen 2022:

Leeftiid Allinnichsteande (âlder) Troud/tegearre wenjend
18-20 jier, thúswenjend € 256,03 per moanne € 512,07 per moanne
18-20 jier, útwenjend € 1.023,64 per moanne € 1.429,14 per moanne
21 jier oant AOW-leeftiid € 1.037,12 per moanne € 1.481,60 per moanne
Ferbliuw yn in ynrjochting € 360,70 per moanne € 585,86 per moanne

Ynkommen 2021:

Leeftiid Allinnichsteande (âlder) Troud/tegearre wenjend
18-20 jier, thúswenjend € 252,22 per moanne € 504,97 per moanne
18-20 jier, útwenjend € 1.008,40 per moanne € 1.432,97 per moanne
21 jier oant AOW-leeftiid € 1.021,67 per moanne € 1.459,52 per moanne
Ferbliuw yn in ynrjochting € 355,80 per moanne € 575,39 per moanne

Tabel 2: Hoefolle fermogen meie jo hawwe?

As jo fermogen leger is as it bedrach yn dizze tabel, hawwe jo rjocht op in yndividuele ynkommenstaslach.

Jo krije de taslach allinnich as jo ek foldogge oan de betingsten ûnder it kopke ‘Wat binne de betingsten?’.

 

Fermogen 2024:

Húshâlden Bedrach
Allinnichsteand persoan € 7.575,-
Allinnichsteande (âlder), troud of tegearre wenjend € 15.150,-

Fermogen 2023:

Húshâlden Bedrach
Allinnichsteand persoan € 7.605,-
Allinnichsteande (âlder), troud of tegearre wenjend € 15.210,-

Fermogen 2022:

Húshâlden Bedrach
Allinnichsteand persoan € 6.505,-
Allinnichsteande (âlder), troud of tegearre wenjend € 13.000,-

Fermogen 2021:

Húshâlden Bedrach
Allinnichsteand persoan € 6.295,-
Allinnichsteande (âlder), troud of tegearre wenjend € 12.590,-

Hoefolle yndividuele ynkommenstaslach krije jo?

Húshâlden Bedrach
Allinnichsteand persoan € 488,- per jier
Allinnichsteande (âlder) € 627,- per jier
Troud/tegearre wenjend € 697,- per jier

 

Kontrolearje sels wêr’t jo rjocht op hawwe

Wolle jo witte op hokker regelingen en taslaggen oft jo rjocht hawwe? Doch de check fia de webside datgeldtvoormij.