Frjemdlingepaspoart oanfreegje
Wenje jo yn Nederlân? Hawwe jo net de Nederlânske nasjonaliteit, mar wol in ferbliuwsfergunning type I, II of V yn Nederlân? Kinne jo gjin paspoart út jo bertelân krije? Freegje dan in frjemdlingepaspoart (reisdokumint) oan. In frjemdlingepaspoart freegje jo persoanlik oan by de gemeente. Jo moatte hjir in ôfspraak foar meitsje. Sûnder ôfspraak kinne wy jo net helpe. De datums dy’t jo sjogge by it online ynplannen fan jo frjemdlingepaspoart, binne de iennichste datums dy’t beskikber binne. Wy freegje jo dêrom gjin telefoanysk kontakt mei ús op te nimmen foar in ôfspraak op in oar momint.
Wat binne de betingsten?
Jo kinne in frjemdlingepaspoart oanfreegje as jo minimaal oan de folgjende 4 betingsten foldogge:
- Jo kinne oantoane dat jo fan jo eigen lân gjin paspoart krije kinne, of dat jo in flechtling binne mar gjin flechtlingestatus hawwe. (Hoecht allinnich net as jo de nasjonaliteit fan Liberia, Sierra Leone, Somalië of Guinee hawwe.)
- Jo hawwe in jildige ferbliuwsfergunning (dokumint type I, II, of V).
- Jo steane ynskreaun yn Ljouwert of hawwe in briefadres yn Ljouwert.
- Der bestiet wissichheid oer jo identiteit.
Wat nimme jo mei nei it gemeentehûs?
- Jo ferbliuwsfergunning.
- Alle identiteitsbewizen en paspoarten dy’t jo hawwe. Ek as se ferrûn binne
- In pasfoto dy’t maksimaal 6 moanne âld is op it momint fan de oanfraach en dy’t foldocht oan de easken.
- It ynterview (1e gehoar en neier gehoar) fan de IND.
- Bewiisstikken dat jo gjin reisdokumint fan in oar lân krije kinne.
- Jild. Jo betelje it paspoart kontant of mei jo pinpas.
Jonger as 18 jier?
By de oanfraach fan immen jonger as 18 jier is de tastimming fan alle gesachshâlders nedich. Ien âlder of gesachhâlder moat mei foar de oanfraach. Tastimming oanfreegje kin fia it online formulier Ferklearring tastimming foar minderjierrige bern of it dokumint Ferklearring tastimming foar minderjierrige bern (PDF, 442.13 KB). Kieze jo foar it ynfullen fan it dokumint, dan moatte jo ek in kopy fan jo legitimaasje meinimme.
Hoe lang duorret it?
It duorret 2 oant 4 moanne foar’t jo frjemdlingepaspoart klear is. Dat komt om’t de IND meibeslist oer jo oanfraach. Jo krije berjocht fan de gemeente as jo it frjemdlingepaspoart ôfhelje kinne. Jo kinne jo frjemdlingepaspoart allinnich persoanlik ôfhelje.
Jildichheid
In frjemdlingepaspoart is maksimaal 5 jier jildich. It paspoart is oeral op ’e wrâld jildich, behalve yn it lân dêr’t jo de nasjonaliteit fan hawwe.
Reizgje mei jo bern
Bern moatte altyd in eigen paspoart of identiteitskaart by har hawwe as se nei it bûtenlân reizgje. Guon lannen wolle in ferklearring dêr’t yn stiet dat de folwoeksene dy’t mei it bern mei reizget, echt de âlder of gesachhâlder is. Ynformearje hjirnei by de ambassade of it konsulaat fan it lân dêr’t jo hinne wolle. Ynformaasje oer kontrôle oan de Nederlânske grins fine jo op de webside fan Nederland wereldwijd.
Binne jo jo identiteitsdokumint kwyt of is it stellen?
Jou dit sa fluch mooglik digitaal troch oan de gemeente. Dit is nedich om misbrûk foar te kommen. Nei dizze melding ferklearje wy jo dokumint ûnjildich. As jo it weromfine, kinne jo it dus net mear brûke. Jo moatte it dan ynleverje by de gemeente.
Wolle jo of kinne jo de fermissing net digitaal trochjaan?
Meitsje dan in ôfspraak by de gemeente. Jo folje in ferklearring fan fermissing yn oan de baalje fan it gemeentehûs. Wy stelle jo identiteit fêst. Dêrnei freegje jo direkt jo nije dokumint oan. Jo hoege gjin oanjefte by de plysje mear te dwaan.
Frjemdlingepaspoart besoargje litte
In oanfrege frjemdlingepaspoart kinne jo thús of op jo wurk besoargje litte.
Fisum
Elk lân hat eigen regels foar bûtenlanners dy’t it lân besykje. Soms is in jildich Nederlânsk paspoart genôch. It is ek mooglik dat jo in fisum nedich hawwe.
Wolle jo witte oft jo in fisum nedich hawwe foar it lân dêr’t jo hinne wolle?
Mear ynformaasje lêze jo op de webside fan De Ryksoerheid.
Wolle jo in fisum oanfreegje?
Dan kinne jo ûnder mear terjochte by de ANWB.
Kosten
Soart reisdokumint | Bedrach |
---|---|
Paspoart en sakepaspoart (âlder dan 18 jier) | € 83,80 |
Paspoart en sakepaspoart (jonger dan 18 jier) | € 63,40 |
Identiteitskaart (âlder dan 18 jier) | € 75,80 |
Identiteitskaart (jonger dan 18 jier) | € 40,90 |
Reisdokumint flechtling/frjemdling | € 63,40 |
Spoed | € 57,00 ekstra |
Reisdokumint besoargje litte | € 3,50 |