Fluch oan:

Wat is in sjenswize?

In sjenswize is in miening oer in foarnommen beslút of plan fan ’e gemeente. Yn guon gefallen nimt de gemeente net fuortdalik in beslút, mar komt der earst in foarnommen beslút. Yn in sjenswize beskriuwe jo mei hokker punten hjirfan jo it wol of net iens binne en wêrom. Dy punten kin de gemeente dan noch meinimme yn it definitive beslút.

Bekendmakking

Foarnommen gemeentlike besluten kundiget de gemeente wykliks oan yn ’e bekendmakkingen op har webside en yn ’e Huis aan Huis. As it foarnommen beslút allinnich foar jo fan belang is, kinne jo hjiroer ek in brief krije.

Hoe yntsjinsje

Wolle jo in sjenswize ‘Romtlik plan yn proseduere’ yntsjinje?

Mear ynformaasje fine jo op de pagina ‘Romtlike plannen (ynsjen en reagearje)’.

Wolle jo in oare sjenswize yntsjinje?

Tsjinje it fersyk uterlik 14 dagen foar de ein fan ’e ynsjochtermyn yn. Jo fersyk moat yn alle gefallen binnen de dêrfoar stelde termyn yntsjinne wêze. Meastal is dit 6 wiken, of der moat in oare termyn bekendmakke wêze.

Hoe tsjinje ik in sjenswize yn?

  • Skriftlik
    • As jo de sjenswize skriftlik yntsjinje, sette jo yn jo brief oan ’e gemeente:
      • it foarnommen plan of beslút dêr’t jo in sjenswize oer yntsjinje;
      • it dossiernûmer fan it foarnommen plan of beslút;
      • de redenen wêrom’t jo in sjenswize yntsjinje;
      • de datum;
      • jo namme en adres;
      • jo hantekening.

As immen oars in sjenswize foar jo yntsjinnet, moatte jo in troch jo ûndertekene skriftlike machtiging meistjoere.

Jo rjochtsje jo brief oan dejinge dy’t it beslút nommen hat. Bygelyks it kolleezje fan boargemaster en wethâlders of de gemeenteried.

  • Mûnling
    • Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert om in ôfspraak te meitsjen.