Riolearring op eigen terrein
Riolearring op gemeentegrûn wurdt oanlein en ûnderholden troch de gemeente. Riolearring op jo eigen terrein moatte jo sels oanlizze en ûnderhâlde. Foar in ferstopping nimme jo kontakt op mei in ûntstoppingsbedriuw. Sy meitsje de rioeloansluting skjin. Dit kostet jo jild.
Wat docht it ûntstoppingsbedriuw?
Wannear’t jo problemen hawwe mei de ôffier, is de kâns grut dat jo rioel ferstoppe is. De gemeente is ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan it rioel oan jo wenning ta. Jo binne sels ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan it rioel op jo eigen terrein. Jo moatte hjir sels in ûntstoppingsbedriuw foar ynskeakelje.
Is jo rioeloansluting stikken?
It komt foar dat de riolearring net mear wurket om’t de rioeloansluting op gemeentegrûn stikken of fersakke is. It ûntstoppingsbedriuw kin dit mei help fan in rioelkamera sjen en hjir in filmke fan meitsje. It ûntstoppingsbedriuw lost it probleem net foar jo op. Dat docht de gemeente.
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert, nei’t it ûntstoppingsbedriuw in filmke fan ’e stikkene of fersakke oansluting makke hat.
Wurde de kosten fergoede?
As de rioeloansluting yndien stikken of fersakke is, dan kinne jo de makke kosten werom krije fan ’e gemeente. Om de kosten fergoede te krijen hawwe jo it rapport en it filmke fan it ûntstoppingsbedriuw nedich. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Oanspraaklikstelling gemeente.
Rioeloansluting oanfreegje
Binne jo noch net oansluten op it rioelstelsel en wolle jo oansluten wurde? Of wolle jo by in ferbouwing de oansluting fan jo rioellieding nei it haadrioel ferfange litte? Dan kinne jo hjir in oanfraach foar dwaan troch in melding wen-, wurk- en leefomjouwing troch te jaan.
Driuwende situaasjes bûten kantoaroeren?
Nim kontakt op mei de plysje. Sy nimme kontakt op mei de steuringstsjinst fan ’e gemeente Ljouwert.
Mear witte?
Stichting Rioned
Op de webside fan Stichting Rioned fine jo ynformaasje oer bygelyks:
- Ferstoppingen
- Stank út it rioel
- Bepale wêr’t jo rioel leit
- Hoe it rioel wurket
Hawwe jo nei it besjen fan ’e webside fan Stichting Rioned noch fragen? Nim dan kontakt op mei de gemeente.
Rioel- en wettersoarchheffing
Mear ynformaasje fine jo op de side Rioel- en wettersoarchheffing.
Wet- en regeljouwing
De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (lokaal):
- Wet Miljeubehear
- Wetterwet
- Beslút bouwurken leefomjouwing
De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal):
- Programma Wetter en Riolearring 2023-2027
- Omjouwingsplan gemeente Ljouwert (artikel 22.12)