Fluch oan:

Foarbylden fan dokuminten

  • Digitale dokuminten
  • E-mail
  • Brief

Net alle dokuminten kinne altyd iepenbier makke wurde. Sa wurdt bygelyks privacygefoeligie ynformaasje net jûn. Dit jildt ek foar bedriuwsgegevens of fabrikaazjegegevens. Sa binne der mear útsûnderingen.

De folgjende ynformaasje kinne jo sels opsykje

  • Wet- en regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl.
  • Organisaasjegegevens fine jo op ’e webside Wurkje by Ljouwert.
  • De folgjende ynformaasje fine jo fia de webside iBabs:
    • Riedsstikken
    • Bestjoersstikken
    • Stikken fan Advyskolleezjes
    • Konvenanten
    • Jierplannen en jierferslaggen
    • Undersiken (bygelyks meiwurkerstevredenheidsûndersiken)

Ofhannele Wob/Woo-fersiken ynsjen

Ofhannele Wob/Woo-fersiken fine jo op:

Wolle jo oer 1 fan ’e folgjende ûnderwerpen ynformaasje?

Mar is dy noch net publisearre? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

  • Beskikkingen
  • Klachten

Stiet it ûnderwerp dêr’t jo ynformaasje oer woll der net tusken?

Tsjinje in Woo-fersyk yn. Dat kin op ’e folgjende wize:

Digitaal

Ful it digitale formulier ‘Woo-fersyk’ yn.

Skriftlik

Skriuw in brief oan ’e gemeente Ljouwert mei dêryn:

  • Underwerp ‘Woo-fersyk’
  • Wêr’t jo ynformaasje oer freegje.
  • It dokumint dat jo ûntfange wolle.
  • Jo namme, adres en wenplak.
  • Eventueel jo telefoannûmer en e-mailadres (foar as wy mear fragen hawwe oer jo oanfraach).

Wannear ûntfange jo de ynformaasje?

As wy jo oanfraach ûntfongen hawwe, ûntfange jo binnen 4 wiken in reaksje fan ’e gemeente Ljouwert. De perioade fan 4 wiken kin ien kear mei maksimaal 2 wiken ferlinge wurde.

Ek hjirop kinne útsûnderingen wêze.

Bygelyks as wy mear gegevens fan jo of in tredden nedich hawwe om it Woo-fersyk ôfhannelje te kinnen. Foar mear ynformaasje ferwize wy jo nei de ‘Wet open overheid’ op de webside fan Overheid.nl.

Kostet it opfreegjen ek jild?

Nee. Jo betelje gjin kosten foar it kopiearjen

Mear of oare fragen?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.