Fluch oan:

Kinne of wolle jo net digitaal yntsjinje?

Skriuw in brief en stjoer dy op of leverje dy yn by it gemeentehûs. Neam it folgjende yn jo brief:

  • Underwerp ‘Wet wergebrûk fan oerheidsynformaasje’.
  • Hokker iepenbiere ynformaasje jo werbrûke wolle.
  • Jo namme, adres en wenplak.
  • As jo wolle jo e-mailadres en telefoannûmer. Dat brûke wy as wy mear fragen hawwe oer jo oanfraach.

Oanfreegje fia e-mail mei net

Oanfragen fia e-mail wurde dan ek net yn behanneling nommen.

Wannear ûntfang ik de ynformaasje?

Binnen 4 wiken nei’t wy jo oanfraach ûntfongen hawwe. De perioade fan 4 wiken kin 1 kear mei maksimaal 2 wiken útsteld wurde.

Utsûnderingen

Bygelyks as wy mear gegevens fan jo of immen oars nedich hawwe om jo oanfraach ôf te hanneljen.

Kosten

  • Fergees foar minder as 6 kopyen.
  • € 4,50 foar 6 oant 13 kopyen.
  • € 0,35 per kopy foar 14 of mear kopyen.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal).

  • Beslút tariven Wet wergebrûk fan oerheidsynformaasje gemeente Ljouwert.
  • Regeling elektroanysk bestjoerlik ferkear gemeente Ljouwert.