Fluch oan:

Kinne of wolle jo net digitaal beswier yntsjinje?

Jo kinne skriftlik beswier yntsjinje. Stjoer it beswierskrift op nei:
Gemeente Ljouwert
Postbus 21000
8900 JA Ljouwert

Wat skriuwe jo yn it beswierskrift?

  • Jo namme, adres, telefoannûmer en e-mailadres.
  • De datum.
  • Tsjin hokker beslissing oft jo beswier meitsje.
  • It skaaimerk fan it beslút dêr’t jo beswier tsjin meitsje.
  • De reden fan it beswier.
  • As immen oars in beswierskrift foar jo yntsjinnet, moat in troch jo ûndertekene skriftlike machtiging meistjoerd wurde.

Wannear folget der in beslissing?

Jo ûntfange binnen 12 wiken in brief. Rekkene fan ’e dei ôf dat de tiid foar it yntsjinjen fan in beswierskrift ferrûn is. Dy kin 1 kear mei 6 wiken ferlinge wurde.

Net iens mei de beslissing?

Tsjinje binnen 6 wiken in Beropskrift yn. Yn ’e brief stiet hoe en wêr’t jo yn berop gean kinne. Dit kostet jo jild.

Beslút tydlik útstelle of stopsette

Wolle jo dat de gemeente in beslút, dêr’t jo beswier tsjin yntsjinne hawwe, net útfiert? Freegje dan om in foarriedige foarsjenning by de foarsjenningerjochter fan ’e rjochtbank. Dat kin allinnich by driuwende saken en kostet jo jild. It is oan ’e rjochter om te beslissen oft it beslút útsteld of stopset wurdt.

Kosten

  • Oan it yntsjinjen en behanneljen fan in beswierskrift binne gjin kosten ferbûn.
  • Foar de behanneling fan in fersyk om foarriedige foarsjenning betelje jo griffyrjochten.

Wet- en regeljouwing

De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (lokaal):

  • Partisipaasjewet
  • Wet maatskiplike ûndersteuning
  • Jeugdwet
  • Algemiene wet bestjoersrjocht