Beropskrift yntsjinje
Binne jo it net iens mei de beslissing op jo beswier? Dan kinne jo yn berop gean troch in beropskrift yn te tsjinjen.
Wolle jo in beropskrift yntsjinje?
Wannear geane jo yn berop?
Binnen 6 wiken nei it ferstjoeren fan ’e gemeentlike beslissing oer jo beswier.
Hoe geane jo yn berop?
Jo kinne per brief yn berop gean. Jo meie in advokaat ynskeakelje. Dat is net ferplicht.
Wat moat ik yn it beropskrift sette?
- Jo namme en adres.
- De datum.
- Tsjin hokker beslút oer hokker beswierskrift fan jo, jo yn berop gean.
- It dossiernûmer fan it beslút oer jo beswierskrift.
- In kopy fan it beslút oer jo beswierskrift.
- De reden wêrom’t jo yn berop geane.
- Jo hantekening.
Is it beropskrift yn in oare taal as it Nederlânsk opsteld? Soargje dan foar in goede en juste Nederlânske oersetting. Dat is nedich foar in goede ôfhanneling.
Wêr geane jo yn berop?
Dat stiet yn ’e brief dy’t jo ûntfange.
Wolle jo yn berop gean oer in romtlik plan yn proseduere?
Mear ynformaasje fine jo op de pagina Romtlike plannen (ynsjen en reagearje).
Ik bin it net iens mei de beslissing fan ’e rjochter
Gean binnen 6 wiken yn heger berop.
Beslút tydlik útstelle
Dat kin allinnich by driuwende saken. De rjochter beslist hjiroer.
Beropskrift ynlûke
Wolle jo dat de gemeente in beslút, dêr’t jo in beropskrift tsjin yntsjinne hawwe, net útfiert? Freegje dan om in foarriedige foarsjenning by de foarsjenningerjochter fan ’e rjochtbank.
Kosten
Foar in beropskrift betelje jo griffyrjochten. As jo gelyk krije, dan krije jo dy kosten werom.
Wet- en regeljouwing
De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal).
- Algemiene wet bestjoersrjocht.