Fluch oan:

Kinne of wolle jo net digitaal trochjaan?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Anonym melde

Anonym melde is net mooglik, om’t wy jo dan net witte litte kinne wat der bart mei jo melding. Boppedat foarkomme wy hjirtroch misbrûk. Jo gegevens sille noait bekend makke wurde by de persoanen oer wa’t jo in melding dien hawwe.

Melding trochjaan bûten iepeningstiden

Foar driuwende meldingen bûten iepeningstiden fan de gemeente Ljouwert, belje jo mei de plysje, telefoannûmer 0900-8844.

Wat bart der nei myn melding?

Meldpunt Oerlêst nimt binnen 4 oant 6 wiken kontakt mei jo op. Sy stelle jo in oantal fragen om dúdlik te krijen wat de oerlêst krekt ynhâldt. Bygelyks:

  • Wêrút bestiet de oerlêst?
  • Hoe lang erfare jo de oerlêst al?
  • Wannear ûnderfine jo oerlêst?
  • Wa feroarsaket de oerlêst?
  • Hawwe jo de oerlêst alris earder melden en by wa?
  • Wat wolle jo dat der oan ’e oerlêst dien wurdt?
  • Hawwe jo de oerlêstjouwer alris oansprutsen?

Hoe lang’t it duorret foar’t de oerlêst fuort is, ferskilt per situaasje. It kin wat tiid kostje om de problemen fuort te nimmen.

Weromkearende oerlêst

It is wichtich dat jo dit altyd melde. It Meldpunt Oerlêst registrearret nammentlik alle meldingen. Ut de registraasje blykt hoe slim oft de oerlêst is. Dat is wichtige ynformaasje by eventuele juridyske stappen, lykas hûsútsetting.

Wat oars melde oer jo wen-, wurk- of leefomjouwing?