Digitale tagonklikens
By de gemeente Ljouwert moat elkenien meidwaan kinne. Ek digitaal. Dêrom is ús digitale ynformaasje fynber, maklik te brûken en tagonklik. Websiden fan de oerheid moatte foldwaan oan de tagonklikenseasken WCAG 2.1 op nivo AA. Dit stiet yn it ‘Tydlik beslút digitale tagonklikens oerheid’. Op hokker nivo wy hjiroan foldogge, stiet op dizze pagina.
Utfieringsaginda Lokale Ynklúzje Aginda 2024-2026
De gemeente Ljouwert wurket gear mei de wurkgroep Toegankelijkheid oan in tagonklike gemeente. De wurkgroep Toegankelijkheid bestiet út ûnderfiningssaakkundigen mei in fysike of sintúchlike beheining. Mei har jout de gemeente útfiering oan de Lokale Ynklúzje Aginda. Koartlyn is der in nije útfieringsaginda Lokale Ynklúzje Aginda 2024-2026 fêststeld troch it kolleezje.
Tagonklike webside
Ut ûndersyk blykt dat ús webside noch net oan alle easken út it ‘Tydlik beslút digitale tagonklikens oerheid’ foldocht. Wy ferbetterje de folgjende ûnderwerpen:
Dokuminten
Net alle dokuminten binne digitaal tagonklik. Dat jildt foar oanfraachformulieren en foar oare dokuminten. Yn 2023 ûndersykje wy wat der nedich is om dy dokuminten lykwols noch digitaal tagonklik te meitsjen. Ek wurde meiwurkers yn 2023 traind om nije dokuminten digitaal tagonklik op de webside te pleatsen.
Kinne jo in dokumint net lêze? Nim dan kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Filmkes
Net alle filmkes binne digitaal tagonklik. Yn 2023 ûndersykje wy wat der nedich is om dy filmkes lykwols noch digitaal tagonklik te meitsjen. Ek wurde meiwurkers yn 2023 traind om nije filmkes digitaal tagonklik op de webside te pleatsen.
Digitale formulieren
Nije formulieren besykje wy foldwaan te litten oan de tagonklikenseasken.
Oare websiden en apps
Oare websiden en apps dêr’t wy ferantwurdlik foar binne, besykje wy te ferbetterjen of te ferfangen, of we hâlde op se te brûken.
Oare talen
Ingelsktalige tekst op Nederlânsktalige pagina’s wurdt noch net markearre as Ingelsk. Yn 2023 wurdt de hiele webside oerset nei it Ingelsk. Dan binne der gjin Ingelsktalige teksten mear te finen op Nederlânsktalige pagina’s.
Wat dogge wy mear oan tagonklikens?
- De tagonklikenseasken wurde ûnderdiel fan ús ynkeapbelied. Hjirtroch wurde se by elke oanbesteging meinommen.
- De redakteuren fan ús webside soargje foar digitaal tagonklike teksten.
- Yn oparbeidzjen mei ûnderfiningssaakkundigen wurde guon teksten op de webside testen.
- In bedriuw, spesjalisearre yn digitale tagonklikens, docht geregeld in stekproef of ús webside noch foldocht oan de easken.
- Us meiwurkers binne foar in part traind yn hoe’t sy omgean moatte mei digitaal tagonklike teksten. Fan 2023 ôf wurde dy trainingen útwreide nei de oare easken dy’t steld wurde.
Test troch brûkers
Us nije webside is oktober 2022 live gien. Brûkers fan ús webside hawwe him testen. Ek persoanen mei in fisuele of ferstanlike beheining.
De resultaten binne brûkt foar ferbettering fan ús webside.
Tagonklikensferklearring webside gemeente Ljouwert
Dy fine jo op de website fan it Ministearje fan Ynlânske Saken.
Problemen mei tagonklikens melde
Underfine jo problemen mei tagonklikens? Hawwe jo in fraach of opmerking oer tagonkikens? Jou jo melding troch.
Dat hoege gjin problemen, fragen of opmerkingen te wêzen oer de digitale tagonklikens. Jo meie ek wat melde as it giet om de tagonklikens fan in gebou, romte of foarsjenning.