Hûnen; spulregels en foarsjenningen
Om te soargjen dat elkenien him feilich en noflik fielt yn ’e buert fan hûnen, binne spulregels opsteld. Ek binne der spesjale foarsjenningen foar hûnen.
Hûn oan ’e riem
Binnen de gemeente Ljouwert moat jo hûn altyd oan ’e riem sitte. Hjir kontrolearje wy op. Jo kinne in boete krije as jo hûn dochs los rint.
Losringebieten
Op ’e kaart mei hûnelosringebieten fine jo de gebieten dêr’t jo hûn los rinne mei.
Spulregels foar losringebieten
- Jo hûn moat goed nei jo lústerje.
- Hâld rekken mei elkoar en de buert.
- Hûnestront romje jo op.
- By it ferlitten fan it losringebiet, dogge jo it stek ticht en jo hûn giet wer oan ’e riem.
Tink om it folgjende by losringebieten dy’t grinzje oan wetter:
- Dat de hûn net yn alle sleatten en wetters yn it wetter giet. By hûnestrantsjes mei dat wol.
- De wetterkwaliteit fan wetter grinzjend oan losringebieten wurdt net garandearre dus tink derom dat jo hûn der net út drinkt.
- Kontrolearje yn it foar oft jo hûn goed út it wetter komme kin.
Wêr binne hûnen net tastien
- Yn in greide dêr’t kij rinne of komme meie. Kij wurde siik fan hûnestront en kinne dêrtroch it keal fersmite.
- In berneboartersplak, sânbak, of boartersfjildsje.
- It strân, rekreaasjeterrein en natuergebiet fan 1 maart oant 1 novimber.
Erkende helphûnen meie op al dy plakken, behalve greiden, oan ’e riem wol komme.
Hûnestront opromje
Jo binne as hûnebesitter ferplichte om de hûnestront fan jo hûn op te romjen. As jo in geliedehûn of sosjale helphûn hawwe fanwegen in handicap of beheining, dan hoege jo de hûnestront fan jo hûn net op te romjen neffens de regels fan de Algemiene Pleatslike Feroardering (APV).
Wêr en hoe kinne jo de stront fuortsmite?
- Mei in plestik pûdsje: yn jo eigen grize kontener.
- Blauwe prullebak mei of sûnder klep: smyt de hûnestront hjiryn mei in plestik pûdsje.
- Undergrûnske sulverkleurige Gepp-bak: dizze hûnestrontbakken binne oansletten op it rioel. Wolle jo in pûdsje brûke? Brûk dan in ôfbrekber pûdsje (Biobags) om ferstopping fan it rioel foar te kommen.
Klacht of melding
Melding of klacht oer in Gepp-bak?
Jou jo melding of klacht troch fia de QR-koade op de Gepp-bak sels. Nim kontakt op mei Gepp.
Melding of klacht oer in blauwe prullebak mei of sûnder klep?
Jou jo melding of klacht troch oan de gemeente Ljouwert.
Hûnebelesting
As hûnebesitter betelje jo meastal hûnebelesting. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Hûnebelesting.