Global Goals Gemeente
Wy binne sûnt 25 septimber 2019 in Global Goals Gemeente. De Global Goals besteane út 17 doelen. Om mei-inoar te soargjen foar in sûnere, rjochtfeardigere en duorsumere wrâld. Bygelyks troch it út ’e wrâld helpen fan honger en earmoed, soargjen foar gendergelikens en soargjen foar skjinne seeën en oseanen.
Global Goals
Op Heldedei freget Ljouwert omtinken foar de Duorsume Untwikkelingsdoelstellingen fan de Feriene Naasjes. Dy 17 doelen, op dy dei eksakt 5 jier lyn fêststeld troch alle lidsteaten fan de VN, foarmje in wrâldwide aginda foar in earlikere, duorsumere en bettere wrâld yn 2030. As Global Goals Gemeente lit Ljouwert sjen dat sy dy doelen heech yn it findel hat en dêr in aktive bydrage oan leverje wol.
Fairtrade Gemeente
Ljouwert hat sûnt 2017 de titel Fairtrade Gemeente. Yn ’e mande mei belutsen ynwenners (frijwilligers) en ûndernimmers wolle wy earlike hannel en duorsum gebrûk oanmoedigje. Sa dogge wy mei oan de lanlike kampanje fan Stichting Fairtrade Gemeenten.
Sjoch foar mear ynformaasje op de webside Fairtrade gemeente Ljouwert en op de webside FaireLeeuwarden.
Lokale Helden
Mar dy bydrage, dy levere de gemeente net allinnich. Dat diew sy yn ’e mande mei alle ynwenners, bedriuwen en organisaasjes yn ’e stêd en omkriten. Op 10 oktober hat de gemeente harren, dy’t op eigen inisjatyf in bydrage leveren oan in duorsumere wrâld, betanke én yn it sintsje set. Dêrom beneamde de gemeente op dy dei foar de sechsde kear in oantal ‘lokale helden’. Dit wiene minsken, inisjativen of organisaasjes dy’t deistich, belangeleas, de wrâld in bytsje duorsumer makken en dêrmei it berikken fan de Globals Goals in bytsje tichter by brochten.
Nominearje dyn held
De gemeente wol dizze helden graach mei jim, de Ljouwerters, selektearje. Dêrom ropt de gemeente alle ynwenners fan Ljouwert op om duorsume inisjativen, organisaasjes en persoanen te nominearjen foar Held fan 2024. Dat kinne minsken wêze dy’t har ynsette foar earmoedbestriding, skjinnere enerzjy, better ûnderwiis, mear gendergelikens, bioferskaat en noch folle mear.
De helden fan 2024
- Yne Sinne Farm
- Judith Meurs
- Sta Op voor Kinderen
- MOES
De helden fan 2023
- Blooming Bakery
- Roeland Westra
- Stoereloer
De helden fan 2022
- Carlotte Roncoli
- L.A.P. Atelier
- Pottle
De helden fan 2021
- Stifting Fietsen Alle Jaren
- Caroline Sandberg
- Bewennersbedriuw Heechterp-Skieringen
De helden fan 2020
- Harry Verhaar (Piter Jelles !mpulse)
- Doarpsbelang Reduzum
- Senioareteäter De Rimpel
- Stifting Amurang
De helden fan 2019
Wat dogge wy no al
- It kolleezjeprogramma fan de gemeente Ljouwert giet út fan de Global Goals. Bygelyks troch te beloven dat wy ús ynsette foar:
- ynklusyf ûnderwiis
- fermindering fan sosjale en ekonomyske ûngelikens
- beskerming fan ekosystemen
- Oare beliedsstikken geane safolle mooglik út fan de Global Goals.
- Wy wurkje gear mei maatskiplike organisaasjes, boargerinisjativen, kennisynstellingen, ûnderwiisynstellingen en bedriuwen. Dat is al goed te sjen op ferskillende kampussen.
- Wy binne de iennichste Nederlânske gemeente dy’t dielnimt oan it UN Global Compact Network.
- Studinten fan de RUG/Campus Fryslân ûndersykje hoe serieus at wy dwaande binne mei de Global Goals.