Fluch oan:

Oerlêst dy’t feroarsake wurdt troch houtreek

  • Ien op ’e trije Nederlanners hat lêst fan houtreek.
  • Reek kin troch ruten en fentilaasjeroasters by de buorlju yn ’e hûs kringe.
  • It is ferbean om ôffal of ferve of ympregnearre hout te ferbrânen. By it ferbrânen derfan komme swiere metalen frij.

Wat te dwaan by oerlêst?

Underfine jo oerlêst fan houtreek fan de buorlju? Dan is it it bêste om yn petear te gean mei de buorlju. De gemeente kin net optrede tsjin oerlêst feroarsake troch houtreek. Dêrfoar binne gjin wetlike mooglikheden. Mar it is goed dat de gemeente derfan wit. Meld it probleem by de gemeente.

 

Tips foar ferstannich hout stoken

Op de webside Stookwijzer kinne jo sjen oft by jo op dit stuit it fjoer better út bliuwe kin. Ek fine jo tips om de útstjit fan skealike stoffen te minderjen.

Tips foar de houtkachel of iepen hurd

  • Meitsje gebrûk fan hout dat drûch en skjin is. Fochtich hout ferbrânt net hielendal, wêrtroch it in soad netsûne stoffen frijkomme. Hout moat op syn minst twa jier drûgje.
  • Stook gjin ympregnearre of ferve hout, dêr komme skaadlike stoffen by frij. It is ferbean bewurke hout, snoeihout en ôffal te ferbrânen.
  • Brânbere blokken fan parse hout, sûnder tafoegingen, binne it minst skealik. Let hjirby op it FSC- of PEFC-karmerk. Meitsje in losse steapel, sadat der in soad soerstôf by kin. It hout ferbrânt sa hielendal, wêrtroch’t minder skealike stoffen frij komme.
  • Kontrolearje geregeld oft jo goed stoke. Goed fjoer hat lykmjittige flammen. Dat betsjut dat der amper reek út ’e skoarstien komt.
  • Stook sa min mooglik.

Tips foar de barbekjû of fjoerkoer

  • Lit de barbekjû of fjoerkoer út by wynstil of damp waar. De reek bliuwt dan hingjen en kin yn ’e buert in soad loftfersmoarging en geuroerlêst feroarsaakje.
  • In elektryske barbekjû is in goed idee. It feroarsaket folle minder (reek)oerlêst foar de omjouwing. Mar let op: yn alle barbekjûs kinne giftige reek ûntstean. Dat komt om’t der focht en fet út it fleis dript en ferbrânt yn ’e flammen. Jo kinne dat wol foarkomme troch gebrûk te meitsjen fan in opfangplaatsje.

Hout stoke en it klimaat

By it ferbrânen fan hout komt CO2 frij. Dat is in broeikasgas dat soarget foar klimaatferoaring. Houtkachels en iepen hurden geane net sunich mei hout om: in grut diel fan de waarmte fljocht sa de skoarstien út (by de iepen hurd giet 90 prosint fan de waarmte ferlern, by de houtkachel 20 oant 40 prosint). Dat is net duorsum.