Sirkulêre Ekonomy
De gemeente Ljouwert hat in ‘Duorsumensprogramma Folhâldber’ mei 5 wichtige ûnderwerpen: duorsume enerzjy, klimaatoanpassing, bioferskaat en ekology, sirkulêre ekonomy en folhâldbere eigen organisaasje. Yn in sirkulêre ekonomy besykje wy sa min mooglik nije grûnstoffen te brûken en ús útstjit te ferminderjen. Wy besykje ek om safolle mooglik materialen opnij te brûken of werom te winnen.
Opnij brûke of weromwinne
Hjirby hâlde wy rekken mei de Sirkulêre ferwurkingsljedder.
Doelen
Wy hawwe in oantal doelen:
- Mear grûnstoffen en materialen weromwinne of werbrûke.
- Ljouwert op ’e kaart sette as it fêstigingsplak foar sirkulêre bedriuwen.
- Mear sirkulêre projekten. Dat is posityf foar de wurkgelegenheid.
Utfieringsprogramma
Om de doelen te heljen wurkje wy gear mei partners út ’e regio. Wy wurkje oan de folgjende ambysjes:
- Yn 2025 hearre wy mei de regio Fryslân by de Top-3 fan meast geunstige ûntwikkelregio’s fan Europa.
- Yn 2025 keapje wy maksimaal sirkulêr yn.
- Yn 2030 is sirkulêr bouwe de noarm.
- Yn 2050 hawwe wy in mienskip sûnder ôffal.
Yn it Utfieringsprogramma Sirkulêre Ekonomy stiet útlein hoe’t wy dat dogge.
Stipe oan ûndernimmers
Wy stypje ûndernimmers fan it midden- en lytsbedriuw (mkb) dy’t nije ideeën hawwe. Bygelyks om it ferbrûk en gebrûk fan grûnstoffen te ferminderjen. Of om ta tûke nije oplossingen of gearwurkingen te kommen. Ynformaasje oer hoe’t wy stipe jouwe, fine jo op de webside fan Ondernemend Leeuwarden.
Mienskip sûnder ôffal
Wy hawwe twa doelen:
- Noch mar 30 kg restôffal per ynwenner per jier yn 2030.
- In ôffalfrije gemeente yn 2050.
Mear ynformaasje oer dizze doelen fine jo op de webside Grien terjochte yn Ljouwert.
As gemeentlike organisaasje wolle wy sels ek sirkulêr wêze
Dêrom keapje wy sels ek sa folle mooglik sirkulêr yn en wurkje wy oan it ferminderjen fan de C)2-útstjit fan ús organisaasje. Hoe’t wy dit dogge lêze jo yn de Utfieringsaginda Folhâldbere Eigen Organisaasje.
Maksimaal sirkulêr ynkeapje
By ús ynkeapbelied freegje wy faker nei sirkulêre oplossingen. Mear ynformaasje fine jo yn ús Rûtekaart Sirkulêr Ynkeapje.
Elk jier keapje wy op syn minst tsien projekten sirkulêr yn: