Subsydzje Fixteam enerzjyearmoed
Fixteams binne frijwilligers dy’t yn eigen buert of doarp bewenners helpe mei lytse enerzjybeparjende maatregels. Se kinne bygelyks helpe by it pleatsen fan tochtstrippen, radiatorfoly, in brievebusboarstel, in wetterbesparjende dûskop en LED-lampen. As Fixteam kinne jo subsydzje oanfreegje. Freegje de subsydzje ‘Fixteam enerzjyearmoed’ oan foar 1 juny 2025. Foar dizze subsydzje is € 325.000 beskikber. Der wurdt subsydzje ferliend salang’t der noch budzjet beskikber is.
Hoe wurket it?
Wolle jo in oanfraach yntsjinje? Nim kontakt mei ús op foar in ynformearjend petear. Wy planne dan in ôfspraak mei jo yn. Yn dit petear krije jo mear ynformaasje oer de subsydzje en de dokuminten dy’t jo ynleverje. Jo krije ek it oanfraachformulier, dat jo op dat stuit of nei ôfrin fan de ôfspraak yntsjinje kinne.
Wat hawwe jo nedich foar in oanfraach?
De folgjende dokuminten leverje jo yn by de oanfraach:
- It petearferslach fan de meiwurker fan de gemeente Ljouwert.
- In nij úttreksel fan de Keamer fan Keaphannel.
- Statuten fan jo organisaasje.
- Plan fan oanpak mei in omskriuwing fan de aktiviteiten.
- Begrutting fan it projekt.
Betingsten
- Jim binne in groep frijwilligers út in stifting, koöperaasje, feriening of tsjerkegenoatskip.
- Jim hawwe in petear hân mei in meiwurker fan de gemeente Ljouwert oer it fixteam dêr’t it plan fan oanpak by besprutsen is.
- Jim kinne foar minimaal 20 en maksimaal 200 wenningen subsydzje oanfreegje.
Hichte subsydzje
- € 50,- per wenning dêr’t enerzjybesparjende maatregels dien wurde.
- Mooglik ek € 60,- per wenning foar de materiaalkosten. Wêr’t dit fan ôfhinget, wurdt mei jim besprutsen yn it petear mei in meiwurker fan de gemeente Ljouwert.
Wet- en regeljouwing
De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal):
- Subsydzjeregeling Fixteams enerzjyearmoed gemeente Ljouwert.
Mear ynformaasje
Foar fragen en mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de gemeente Ljouwert.