Kontakt
Wolle jo ergens nei ynformearje of wolle jo lânskomme? Jo kinne op ferskate manieren kontakt mei ús opnimme.
Kontakt mei de gemeente Ljouwert
Telefoanysk
Belje mei it telefoannûmer 14 058.
Digitaal
Ful digitaal it formulier yn by it juste ûnderwerp op de folgjende siden:
- Melding wen-, wurk- en leefomjouwing (iepenbiere romte) trochjaan.
- Klacht trochjaan.
- Beswier meitsje.
- In oare fraach of opmerking en is de ynformaasje net op dizze webside te finen? Folje dan digitaal it kontaktformulier yn.
Social media
Stjoer gjin dokuminten op fia social media en jou gjin privacygefoelige gegevens troch. In reaksje op jo social media-berjocht ûntfange jo ûnder iepeningstiden fan it gemeentehûs.
- WhatsApp
- Stjoer jo WhatsApp-berjocht nei 06-43365223. Belje en sms’e nei dit nûmer kin net.
- Chat
- Rjochtsûnder op elke pagina fine jo in grien balkje. Klik hjir op om in chatpetear te begjinnen.
- Facebook en Twitter
Help nedich?
Gean lâns by de buert- of doarpskeamer by jo yn ’e buert. Of kom lâns by it Meitinkpunt yn it gemeentehûs.
By it Meitinkpunt rinne jo deryn sûnder ôfspraak. Jo kinne fragen stelle oer bygelyks in ûndúdlike brief dy’t jo fan de gemeente krigen hawwe, in taslach of ynformaasje oer jo útkearing.
Iepeningstiden Meitinkpunt
- Moandei fan 13:00 oant 17:00 oere.
- Tiisdei fan 13:00 oant 17:00 oere.
- Woansdei fan 13:00 oant 17:00 oere.
- Tongersdei fan 13:00 oant 17:00 oere.
- Freed fan 13:00 oant 17:00 oere.
It Meitinpunt is in test. Wy sille de kommende tiid sjen oft ynwenners dit wolle.
Adressen en iepeningstiden
Ofspraak meitsje by boargersaken
De ôfdieling boargersaken wurket op ôfspraak. Allinnich foar it oanfreegjen fan paspoarten, identiteits- en rydbewizen kinne jo op in pear mominten sûnder ôfspraak delkomme (frije ynrin). Hâld der wol rekken mei dat de wachttiden oprinne kinne. Wolle jo leaver net wachtsje? Meitsje dan in ôfspraak. Gean nei it ûnderwerp op dizze webside om digitaal in ôfspraak te meitsjen en om de dagen en tiden te besjen om sûnder ôfspraak (frije ynrin) del te kommen.
Iepeningstiden gemeentehûs
It gemeentehûs is iepene fan moandei oant en mei freed fan 08:30 oant 17:00 oere, en op tongersdei fan 08:30 oant 19:30 oere. Us callcenter is telefoanysk berikber fan moandei oant en mei freed fan 08:30 oant 17:00 oere.
It gemeentehûs is sluten op:
- Moandei 1 april (Twadde Peaskedei).
- Tongersdei 9 maaie en freed 10 maaie (Himelfeartsdei).
- Moandei 20 maaie (Twadde Pinksterdei).
- Tongersdei 5 desimber fan 17:00 oere ôf (Sinteklaasjûn).
- Tiisdei 17 desimber fan 16:00 oere ôf yn ferbân mei in byienkomst foar al it persoaniel.
- Tiisdei 24 desimber fan 13:00 oere ôf (Krystjûn).
- Woansdei 25 desimber en tongersdei 26 desimber (Kryst).
- Tiisdei 31 desimber fan 13:00 oere ôf (Aldjiersdei).
- Woansdei 1 jannewaris (Nijjiersdei).
Besikersadres Gemeentehûs
Aldehoustertsjerkhôf 2
8911 DH Ljouwert
Postadres Gemeentehûs
Postbus 21000
8900 JA Ljouwert
KvK-nûmer: 59734817
Fêstigingsnûmer: 000000013447
Btw-identifikaasjenûmer: NL 0019.03.664.B01
Stedhûs
It stedhûs is iepene fan moandei oant en mei tongersdei fan 08:30 oant 18:00 oere, en op freed fan 08:30 oant 17:00 oere.
- Hofplein 38
8911 HJ Ljouwert
Bûtentsjinstlokaasjes
De bûtentsjinstlokaasjes binne iepen op moandei oant en mei freed fan 07:30 oant 16:00 oere.
- Kelvinstrjitte 7
8912 AN Ljouwert - Orionwei 1
8938 AG Ljouwert
Fergunning of boudossier ynsjen
Jo kinne op it gemeentehûs lânskomme om in fergunning of boudossier yn te sjen. Lit ús yn it foar witte wat jo krekt ynsjen wolle. Jo kinne dit trochjaan troch it formulier op de pagina In fergunning of boudossier ynsjen yn te foljen. Oanfragen fan 2024 ôf kinne jo allinnich noch ynsjen fia Overheid.nl.
Tagonklikheid foar minderfaliden
Fan de kant fan it Aldehoustertsjerkhôf ôf is it gemeentehûs tagonklik foar minderfaliden. De yngong oan de kant fan ’e Nijstêd is allinnich berikber fia in trep.
Belje út it bûtenlân wei
Ut it bûtenlân wei belje mei de gemeente Ljouwert kin fia it telefoannûmer 0031-58 233 8888. Jo krije dan in meiwurk(st)er publike tsjinstferliening fan ’e gemeente Ljouwert oan ’e telefoan.
Parse en media
Wurkje jo foar in krante of in oar nijsmedium? Nim dan kontakt op mei de parsetelefoan: 058- 233 4002.