Ferhaalsbydrage
Krijt jo eks-partner in útkearing? Of jo jong-mearderjierrige bern? Dan ûndersiket de gemeente oft jo bydrage kinne oan it libbensûnderhâld fan jo eks-partner en bern. It bedrach dat jo dan betelje moatte, hjit ‘ferhaalsbydrage’.
Wêrom freegje wy in ferhaalsbydrage?
Minsken krije allinnich in útkearing wannear’t se net genôch jild hawwe om de kosten fan harren libbensûnderhâld te beteljen. Dit binne kosten as bygelyks iten, drinken, klean, hier, gas, wetter, ljocht, soarchfersekering en stúdzjekosten fan bern.
Trouden en registrearre partners binne neffens de wet ferplicht inoar te ûnderhâlden. Dat hjit ‘ûnderhâldsplicht’. Nei in skieding bliuwt dy ûnderhâldsplicht bestean. De ûnderhâldsplicht fan âlden jildt ek foar erkende bern oant 21 jier.
Hoe berekkenje wy jo ferhaalsbydrage?
De gemeente brûkt lanlike regels foar de berekkening fan jo ferhaalsbydrage.
Om de ferhaalsbydrage te berekkenjen ûndersiket de gemeente jo ynkomsten en útjeften. De gemeente freget jo hjirfoar it formulier ‘Ferhaal’ of formulier ‘Ferhaal jong-mearderjierrige’ yn te foljen. Nei it ûndersyk ûntfange jo in brief. Hjir stiet yn hokker bedrach jo betelje moatte en hoe’t jo dat dogge.
Alimintaasje en ferhaalsbydrage
Betelje jo alimintaasje? Dan nimt de gemeente dat mei yn ’e berekkening fan ’e ferhaalsbydrage. Hawwe jo de alimintaasje noch net regele? Dan kin de gemeente jo eks-partner ferplichtsje om fia de rjochtbank alimintaasje te easkjen.
Feroaret jo situaasje of jo ynkommen?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert en freegje om in oanpassing fan de ferhaalsbydrage. Of folje fuortdalik ûndersteand formulier yn. Wy berekkenje mei dy ynformaasje opnij jo ferhaalsbydrage.
Formulier ferhaalsbydrage foar eks-partner:
- Digitaal: Folje it digitale formulier Ferhaal yn. Jo hawwe hjirfoar jo DigitD nedich.
- Skriftlik: Download it formulier Ferhaal PDF en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Formulier ferhaalsbydrage foar jong-mearderjierrich bern:
- Digitaal: Folje it digitiale formulier Ferhaal jong-mearderjierrige yn. Jo hawwe hjirfoar jo DigitD nedich.
- Skriftlik: Download it formulier Ferhaal jong-mearderjierrigeen folje it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it gemeentehûs.
Wat as jo de fêststelde ferhaalsbydrage net betelje?
Dan giet de gemeente nei de rjochtbank. Der start in ‘proseduere Verhaal in Rechte’. De rjochter bepaalt jo ferhaalsbydrage. De gemeente kin dêrmei beslach lizze op jo ynkommen. Beslach lizze kostet jild. Dy kosten betelje jo sels.
Kom foar dat de gemeente beslach leit op jo ynkommen.
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert om oer de betelling fan jo ferhaalsbydrage in ôfspraak te meitsjen.
Mear ynformaasje of help nedich?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.