Fluch oan:

Kinne of wolle jo net digitaal trochjaan?

Stjoer dan in e-mail nei gemeente@leeuwarden.nl of nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Hokker ynkomsten jouwe jo troch?

Yn it folgjende filmke wurdt útlein hokker ynkomsten jo trochjaan moatte oan ús en hoe’t jo dat dogge. Ynkommen is mear as allinnich salaris. Jou yn de folgjende situaasjes jo feroaringen troch:

Hawwe jo wurk fûn?

Jou dit fuortdalik oan ús troch. Wachtsje net oant jo jo earste salaris of salarisstrook ûntfongen ha. Wy hâlde yn it foar rekken mei de (ekstra) ynkomsten. Hjirmei komme jo foar dat jo tefolle útkearing krije.

Krije jo in staazjefergoeding?

Jou dit fuortdalik oan ús troch. In staazjefergoeding wurdt as ynkommen sjoen.

Dogge jo geregeld putsjes foar in oar?

Bygelyks it reparearjen fan fytsen, kompjûters of skjinmakwurk? Krije jo hjir in fergoeding foar, of dogge jo dit fergees? Jou dit fuortdalik oan ús troch.

Ferkeapje jo spul (bygelyks fia Marktplaats)

Jo meie no en dan jo eigen spul ferkeapje fia bygelyks Marktplaats. Ek as jo yn ’e bystân sitte. Dat hoege jo net oan ús troch te jaan.

Brûke jo Marktplaats foar de hannel?

Bygelyks it ferkeapjen fan auto-ûnderdielen, kompjûterûnderdielen, kittens en puppies? Jou dit fuortdalik oan ús troch. Ek it goedkeap ynkeapjen fan saken en it dêrnei ferkeapjen fan dy saken foar mear jild is hannel.

Hawwe jo ynkomsten út gokken?

Bedraggen dy’t wûn binne wurde sjoen as ynkomsten foar de bystânsútkearing. Der wurdt gjin rekken holden mei de ynlis. Jou dit fuortdalik oan ús troch.

Krije jo in jefte of byskriuwing fan immen oars?

Jo meie dit hâlde salang’t jo totaal yn in kalinderjier mar net mear krije as € 1200. Jo moatte wol elke jefte en byskriuwing oan ús trochjaan.

Untfange jo (meikoarten) in erfenis?

Ek as noch net dúdlik is wannear’t jo de erfenis krekt ûntfange sille. In erfenis is nammentlik fermogen. Jou dit fuortdalik oan ús troch.

Besitte, keapje of ferkeapje jo Bitcoins of oar digitaal jild?

Jou dit fuortdalik oan ús troch.

Hawwe jo in pensjoen ôfkocht?

Jou dit fuortdalik oan ús troch.

Hawwe jo (spar)jild of djoer/weardefol guod?

Jo besittingen meie net mear wurdich wêze as in bepaald bedrach. Tink hjirby oan sparjild, in auto, sieraden, in hûs of grûn yn it bûtenlân. Foar it besit fan in eigen wenning jilde aparte regels.

Twivelje jo oft jo wol as net wat trochjaan moatte?

Nim kontakt mei ús op.

Wat bart der as jo ynkomsten trochjûn hawwe

Jo ynkomsten kinne yn it foar of letter ynholden wurde op jo bystânsútkearing. Der wurdt mei jo besprutsen wat it bêste by jo past. Yn it folgjende filmke wurdt dit útlein.

Yn it foar ynhâlde

Yn it foar ynhâlde neame wy in ‘skatting’. Der wurdt mei jo sjoen wat jo ferwachte ynkommen is. Dit bedrach stiet as ‘skatting’ yn jo útkearing. Jo útkearing wurdt dêrtroch leger. Sadree’t jo de leanstrook ynlevere hawwe, wurdt sjoen oft jo útkearing goed berekkene is.

Hawwe jo mear ynkomsten ûntfongen as de skatting?

It ferskil wurdt dan de folgjende moanne ynholden op jo útkearing.

Hawwe jo minder ynkomsten ûntfongen?

It diel dêr’t jo noch rjocht op hawwe, wurdt sa gau mooglik nei jo oermakke.

Letter ynhâlde

De ynkomsten wurde letter ynholden. Bygelyks: de ynkomsten fan de moanne maart wurde ynholden op jo útkearing fan de moanne april. Ien fan de neidielen fan letter ynhâlde is dat jo bruto jierynkommen heger is. Dat kin gefolgen hawwe foar de hichte fan bygelyks de hiertaslach of soarchtaslach.

Leaver ien ynkommen op in fêst momint?

Kies foar de Surplus-regeling. Yn dit filmke wurdt útlein hoe’t dat wurket. As jo in útkearing ûntfange en wer oan it wurk geane, ûntfange jo op ferskate mominten yn ’e moanne ynkomsten. Dat kin lestich wêze. Foaral om it oersicht te hâlden. Om it jo makliker te meitsjen, kinne jo meidwaan mei de Surplus-regeling. Mei dizze regeling meitsje wy jo ynkomsten (lean en oanfoljende útkearing) elke moanne yn ien kear oan jo oer. Op in fêste datum. Sa witte jo elke moanne wêr’t jo oan ta binne.

Hoe wurket it?

Jo wurkjouwer makket jo lean oer op ien fan ús spesjale rekkens. Soms sitte dêr ek fergoedingen by. Bygelyks in reiskostefergoeding. Om dat neisjen te kinnen hawwe wy jo leanstrook nedich. Dat stjoere jo ús elke moanne ta. Wy betelje jo dan dizze fergoeding. Op de beteldatum fan jo útkearing krije jo yn ien kear jo lean, oanfoljende útkearing en mooglike fergoedingen.

Wat jo fierder noch regelje moatte

Leanheffingskoarting

Dat is in koarting op de belesting dy’t jo betelje. Hjirtroch wurdt jo nette ynkommen heger.

Hoe freegje jo leanheffingskoarting oan?

Freegje jo wurkjouwer of útkearingsynstânsje nei it formulier ‘Opgaaf gegevens voor loonheffingen’. Sy regelje dit fierder mei jo. Hawwe jo, neist jo bystânsútkearing, twa of mear ynkomsten? Bygelyks twa wurkjouwers, of in wurkjouwer en in WW-útkearing. Pas dan de leanheffingskoarting ta by it heechste ynkommen.

Heffingskoartingen

Jo kinne rjocht hawwe op ien of mear heffingskoartingen by de Belestingtsjinst. Bygelyks:

  • As jo in allinnichsteande âlder binne mei in bern jonger as 12 jier. Dit hjit ‘ynkommensôfhinklike kombinaasjekoarting’.
  • As jo in partner hawwe en ien fan jo wurk of in útkearing hat. Dit hjit ‘algemiene heffingskoarting minstfertsjinjende partner’.

Hoe freegje jo heffingskoarting oan?

Fia de webside fan de Belestjingtsjinst folje jo in foarloopige oanslach (‘Voorlopige aanslag’) yn. Stjoer in kopy fan dy foarlopige oanslach nei de gemeente Ljouwert. As jo gjin gebrûk meitsje fan de foarlopige oanslach, rekkenje wy sels út wêr’t jo rjocht op hawwe. Dit bedrach wurdt ynholden op jo útkearing.

Fragen en antwurden

Wat docht de gemeente mei oare fergoedingen fan de wurkjouwer?

As it in netto fergoeding is, meie jo dy hâlde. As it in bruto fergoeding is, dan wurdt dit ynholden op jo útkearing. Fergoedingen binne bygelyks reiskosten, mielfergoedingen of telefoankosten.

Wat bart der as myn ynkomsten heger binne as myn bystânsútkearing

Yn it folgjende filmke wurdt dit útlein. Dat betsjut dat jo de útkearing net mear nedich hawwe. Der wurdt mei jo besprutsen wannear’t de útkearing stoppet. Der wurdt ek sjoen oft der noch te beteljen bedraggen iepen stean. Bygelyks as jo mear fertsjinne ha as de skatting, of foar letter ynhâlde keazen hawwe. Der wurdt mei jo oerlein hoe’t jo dit werombetelje.