Brânfeilich gebrûk bouwurken
Foar gebouwen dêr’t in soad minsken byinoar komme, hawwe jo in Gebrûksmelding nedich. Mei de fergunningecheck fan it Omjouwingsloket sjogge jo oft jo in Gebrûksmelding nedich hawwe of net. Dit jildt ek foar hotels, bernedeiferbliuwen, fersoargingsynstellingen, sikehuzen en oare gebouwen wêryn’t minsken net folle ynfloed hawwe op har eigen feiligens.
Wannear Gebrûksmelding nedich?
- As der mear as 50 persoanen tagelyk yn it pân oanwêzich wêze sille. Of mear as 150 persoanen as it giet om in kantoar of yndrukstryfunksje.
- As der sprake is fan keamersgewize ferhier mei 5 of mear wenienheden.
- As yn in hotel of soarchynstelling mear as 10 persoanen sliepe.
- As yn it gebou oerdeis mear as 10 persoanen jonger as 12 jier ferbliuwe.
- As yn it gebou oerdeis mear as 10 lichaamlik of geastlik handicapte persoanen ferbliuwe.
- As it in om in appartemint giet dêr’t soarch ferliend wurdt.
Besteande fergunning of Gebrûksmelding net mear aktueel?
Tsjinje dan in nije Gebrûksmelding yn. Bygelyks as:
- Der mear persoanen tagelyk yn it pân oanwêzich binne dan oanjûn is yn de besteande melding of fergunning;
- de brûkers harsels minder goed rêde kinne, as earder;
- De bekendheid mei it gebou fan de nije brûkers minder is; of
- de brânfeiligensfoarsjenningen ferdwine. Bygelyks: in flechtdoar dy’t tichtsetten wurdt.
Jo binne sels ferantwurdlik foar it brânfeilich gebrûk fan jo bouwurk. De regels oer it gebrûk fan bouwurken steane ferspraat oer it Boubeslút bouwurken leefomjouwing. De regels foar it yntsjinjen fan gebrûksmeldingen stean ek yn it Beslút bouwurken leefomjouwing § 6.1.2. Yn kêst 6.8 fine jo in list mei wat der op de tekening stean moat. Mear ynformaasje fine jo ûnder it kopke Wet- en regeljouwing.
Algemiene ynformaasje oer brânfeiligens
Ynformaasje en folders oer brânfeiligens binne te finen op de webside fan de brandweer.
Bygelyks:
- Hoe meitsje jo jo hûs brânfeilich?
- Hoe kinne jo brânfeilich putsjes dwaan?
- Hoe geane jo brânfeilich op fakânsje?
- Hoe kinne jo brân foarkomme?
- Wat doch ik as der brân is?
- Feestfersiering
- Gas (koalmonokside)
- Fjoerkoer
- Reekmelders yn besteande wenningen
Fragen of help nedich?
Foar fragen, mear ynformaasje of witte oft jo in melding dwaan moatte gean jo nei de pagina Proseduere omjouwingsfergunning oanfreegje of melde. Sykje by it oanfreegjen by ‘aktiviteiten’ it folgjende formulier: Bouwurk brânfeilich brûke – Melding (Ryk).
Kosten
Fergees
Wet- en regeljouwing
De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (nasjonaal):
- Beslút bouwurken leefomjouwing.