Parkeare foar besikers
Yn Ljouwert betelje jo yn it sintrum foar parkearen. Dit jildt op moandei oant en mei sneon tusken 08:00 en 22:00 oere. Op snein fan 12:00 oant en mei 18:00 oere. En op feestdagen tusken 12:00 en 18:00 oere. Feestdagen binne nijjiersdei, peaske en peaskemoandei, Keningsdei, himelfeartsdei, pinkster en pinkstermoandei, earste en twadde krystdei. Yn parkeargaraazjes is der altyd betelle parkearen. Ek op snein.
Kentekenparkearen mei jo bankpas
- Parkear jo auto.
- Typ jo kenteken yn op de parkearautomaat. De automaat skrast al jo gegevens automatysk nei 48 oeren.
- Jo hoege gjin parkearkaartsje yn de auto del te lizzen.
- Jo kinne in betelbewiis printe litte by de betelautomaat.
Krije jo in parkearboete omdat jo in ferkeard kenteken ynfierd hawwe? Folje in digitale formulier ‘Ferkeard kenteken ynfierd’ yn. Jo hawwe in DigiD nedich.
Parkeare mei de tillefoan/mobyl mei de parkearapp
It parkearjild betelje jo fia in app op jo telefoan. De ferskate oanbieders fan parkeartsjinsten fine jo op de webside fan ‘Vergelijk mobiel parkeren’. Jo starte en stopje de parkeartiid fia in sms, app of troch it nûmer te beljen. By parkearen mei de tillefoan betelje jo noait te folle. Jo krije ek gjin boete omdat jo net genôch betelle hawwe.
- Parkear jo auto.
- Op elke parkearautomaat stiet in nûmer mei in mobile telefoan.
- Start jo parkeartiid troch it nûmer fan de parkearautomaat troch te jaan yn de app op jo telefoan.

- Stop de parkeartiid troch de app te iepenjen en jo parkearaksje ôf te rûnjen.
Parkeare yn in parkeargaraazje
De parkeartariven en parkeartiden binne foar elke parkeargaraazje oars. In oersicht fan alle parkeargaraazjes, tariven en tiden fine jo op de webside fan ‘Parkeergarages Leeuwarden’.
Parkeare yn in blauwe sône
Yn in blauwe sône parkeare jo mei in parkearskiif. Jo mei maksimaal 2 oeren parkeare yn in blauwe sône. Dit jidt foar de folgjende dagen en tiden:
- Moandei oant en mei sneon tusken 08:00 en 18:00 oere
- Keapjûnen oant 22:00 oere. Tongersdei is de fêste keepjûn yn Ljouwert.
Bûten dizze tiden is gjin parkearskiif nedich.
Parkearplakken yn de blauwe sône gebiet 8917
Yn dit gebiet brûke jo de parkearskiif EN betelje jo by de parkearautomaat.
Parkeare op in P+R-terrein
- P+R Kalverdijkje
- Fergees parkearen.
- Berikber mei busline 3.
- P+R Wijnhornsterstraat
- Achter it NS-stasjon.
- Betelle parkearen.
- Binnen 8 minuten kinne jo rinnend nei de binnenstêd. Of jo nimme in taksy of de bus.
Parkeare toerbussen
- Passazjiers kinne yn- en útstappe op it Oldehoofstertsjerkhôf of oan de Lange Marktstrjitte.
- Parkear jo bus dan op it parkearterrein oan de Dirk Zeperweg, of op it Fonteinlân. Jo keapje in parkearkaart per bus.
Ynrydfrijstelling auto-earme binnenstêd
It noardwestelik part fan ’e binnenstêd fan Ljouwert is auto-earm. Dit betsjut dat hjir net samar reau komme mei sûnder ynrydfrijstelling. Mear ynformaasje fine jo op de pagina ‘Ynrydfrijstelling auto-earme binnenstêd’.
Parkearsônes
Parkearsônes yn Ljouwert