Fluch oan:

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Download it Oanfraachformulier foar it organisearjen fan in kânsspul en folje it in. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Wat binne de betingsten?

  • De prizen hawwe gjin hegere wearde as € 4.500,00.
  • Foar lotterijen mei in prizebedrach fan € 4.500,00 of mear moatte jo in fergunning oanfreegje by it Ministearje fan Justysje, ‘Projectbureau Kansspelen’ yn De Haach.
  • Fan de lotterij moatte jo in finansjeel oersicht sjen litte by de gemeente. It finansjele oersicht moat binnen 3 moannen nei de trekking besprutsen wurden mei it kolleezje fan Boargemaster & Wethâlders.

Lotterij dêr’t gjin fergunning foar nedich is

Foar lotterijen yn in lytse groep is gjin fergunning nedich. Bygelyks: in lotterij yn famyljekring of op it wurk foar eigen wurknimmers.

Kosten

Dan moatte jo in fergunning oanfreegje foar de lotterij by de Kânsspulautoriteit. Nim hjirfoar kontakt op mei de Kânsspulautoriteit.