Fluch oan:

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Download dan it Oanfraachformulier foar in oanwêzigensfergunning (PDF, 131,87 KB) en ful yn.  Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Wat binne de easken?

  • Jo kinne in fergunning foar maksimaal twa kânsspulautomaten oanfreegje.
  • De kânsspulautomaat mei allinnich yn in heechdrempelige ynrjochting delsetten wurde. Bygelyks yn in kafee of restaurant.

De betingsten fan in heechdrempelige ynrjochting binne:

  • Jo hawwe in alkoholfergunning;
  • Jo besiker komt benammen om wat te iten en drinken; Der is gjin oare aktiviteit dy’t in oar soart besiker lûkt;
  • Jo besiker is 18 jier of âlder.

Wolle jo in spylautomatehal begjinne?

Dizze fergunning wurdt foar 5 jier ôfjûn. Yn de gemeente Ljouwert mei maksimaal ien spylautomatehal wêze. Dit stiet yn de ‘Feroardering spylautomatehallen gemeente Ljouwert 2014’. Op it stuit is der al in spylautomatehal yn de gemeente Ljouwert. Der mei dus net noch ien by.

Kosten

Fergunning foar 12 moannen Fergunning foar 4 jier
1 kânsspulautomaat € 56,50 € 226,-
2e kânsspulautomaat € 34,- € 136,-

Wet- en regeljouwing

De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (lokaal):

  • Wet op de kânsspullen

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal).

  • Alkoholwet
  • Algemiene Pleatslike Feroardering Ljouwert.
  • Nota Bysûndere wetten hoareka, coffeeshops, prostitúsje en kânsspullen
  • Feroardering spylautomatehallen gemeente Ljouwert 2014