Fluch oan:

In bûtenevenemint: fergunning of melding?

Regels foar in melding

Jo jouwe in melding troch as jo evenemint foldocht oan de folgjende betingsten:

  • It evenemint is op wurkdagen tusken 7:00 en 23:00 oere.
  • It evenemint is op sneon, snein of op in offisjele feestdei tusken 7:00 en 24:00 oere.
  • It evenemint duorret maksimaal ien dei. Dit is ynklusief opbouwen en ôfbrekken.
  • Jo slute gjin diken ôf dy’t foar trochgeand (ridend) ferkeard bedoeld binne. It evenemint is bygelyks yn in dearinnende strjitte, hofke of op in parkearterrein.
  • Jo litte genôch romte frij foar de helptsjinsten.
  • De ôfsettingen foldoge oan de standert RAW-Bepalingen 2015. Ynformaasje hjiroer fine jo op de webside fan it CROW.
  • Jo evenemint heart net by in grutter evenemint.
  • Der komme maksimaal 300 besikers.
  • Der is gjin wedstriid dêr’t kans is dat minsken en/of bisten ferwûne reitsje.
  • Jo sette gjin obstakels op de dyk.
  • Jo ferkeapje gjin alkohol.
  • Jo hawwe gjin gemeentlike tsjinsten of helptsjinsten nedich.
  • Jo evenemint is net op deselde dei en lokaasje as in evenemint dat op de Evenemintekalinder stiet. Of tichtebij in evenemint dat op de Evenemintekalinder stiet. 

Regels foar in evenemintefergunning

Foldocht jo evenemint net oan de betingsten foar in melding? Dan hawwe jo in evenemintefergunning nedich.

Yn de folgjende situaasjes hawwe jo altyd in evenemintefergunning nedich:

  • De dielnimmers of organisators oernachtsje by it evenemint.
  • Jo organisearje in optocht mei motorisearre ferkear, bygelyks auto’s, trekkers, motors of brommers.
  • Jo organisearje in fjochtsportevenemint.

Fergunning foar Natura 2000-aktiviteit

Miskien hawwe jo in fergunning nedich fan de Omjouwingswet as jo tichtby of yn in Natura 2000-gebiet sitte. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Eveneminten en beskerming fan de natuer.

In binnenevenemint: fergunning of melding?

Behalve de fergunning of kennisjouwing, hawwe jo ek in gebrûksmelding nedich,. Yn in gebrûksmelding stiet troch hoefolle persoanen in gebou brûkt wurde mei.

Regels foar in melding

Jo jouwe in melding troch as jo evenemint foldocht oan de folgjende betingsten:

  • It evenemint is yn in gebou dêr’t eveneminten net tastien binne neffens it omjouwingsplan. Der komme yn 24 oeren tusken de 50 en 300 besikers.

Regels foar in evenemintefergunning

Foldocht jo evenemint net oan de betingsten foar in melding? Dan hawwe jo in evenemintefergunning nedich.

Yn de folgjende situaasjes hawwe jo altyd in evenemintefergunning nedich:

  • It evenemint is yn in gebou dêr’t eveneminten tastien binne. Bygelyks in teäterfoarstelling of skouboarch. En der komme 2.000 besikers tagelyk.
  • It evenemint is yn in gebou dêr’t eveneminten net tastien binne. En der komme mear as 300 besikers/dielnimmers.

Evenminteloket

Hawwe jo fragen oer jo fergunningsoanfraach of begelieding nedich by jo oanfraach? Nim kontakt op mei it eveneminteloket fia vergunningen@leeuwarden.nl.

Melding brânfeilich gebrûk yn gebou of tinte

Yn in Melding brânfeilich gebrûk stiet hoefolle persoanen der maksimaal yn it gebou of yn de tinte oanwêzich wêze meie. Dizze befettet in tekening mei foarsjenningen lykas needferljochting, flechtrûte oantsjutting, brânblussers en knopsilinders of panykbalken en de breedte fan trochgongen. Alles om in feilich ûntflechtsjen mooglik te meitsjen.
Soms moatte jo in ‘Melding brânfeilich gebrûk’ yntsjinje. Bygelyks as jo:

  • in gebou brûke foar mear as 50 minsken tagelyk, of;
  • oernachtsje yn in gebou dêr’t gewoanlik nimmen oernachtet.
  • En der gjin gebrûksmelding is. Of as de besteande gebrûksmelding in leger oantal persoanen oanjuout dan jo ferwachtsje te ûntfangen.
  • In tinte brûkt foar mear as 150 persoanen of oernachting fan mear as 10 persoanen. Let op: As der in evenemintefergunning nedich is, hoecht der gjin melding dien te wurden foar in tinte.

Melding trochjaan

  • Gebou: In Melding brânfeilich gebrûk foar in gebou moat foldwaan oan haadstik 6 fan it ‘Beslút bouwurken leefomjouwing’.
    Jo kinne dizze Meldingen dwaan yn it lanlik Omgevingsloket.
  • Tinte: In Melding brânfeilich gebrûk foar in tinte moat foldwaan oan it ‘Beslút brânfeilich gebrûk en basishelpferliening oare plakken’. Jo kinne dizze Meldingen dwaan fia it oanfraachformulier. Dizze tsjinje jo yn by de gemeente Ljouwert fia vergunningen@Leeuwarden.nl.

Frijwilligersfersekering

Foar frijwilligersorganisaasjes is it wichtich dat de frijwilligers goed fersekere binne. Sa komme jo problemen foar as in frijwilliger skea feroarsaket.

De gemeente Ljouwert hat fia Centraal beheer Achmea de VNG-frijwilligersfersekering ôfsletten. Dit pakket hat in romme dekking foar frijwilligers en in saneamde sekundêre wurking. Dit betsjut dat as de skea is, de frijwilliger earst sjen moat of der al in besteande fersekering is dy’t dit fergoedzje kin.

Handige (foarbyl)dokuminten foar by jo oanfraach

Ekstra frijstelling of fergunning nedich?

Yn de folgjende situaasjes hawwe jo in ekstra frijstelling of fergunning nedich:

Jo ferkeapje alkohol

Dan hawwe jo in frijstelling nedich fan kêst 35 fan de Alkoholwet. Mear ynformaasje hjiroer fine jo op de pagina Tydlike frijstelling alkohol skinken.

In evenemint op in plak dêr’t dat net tastien is

Dan hawwe jo miskien in fergunning nedich foar in Omjouwingsplan aktiviteit. Op de webside Regels op de kaart kinne jo it omjouwingsplan besjen. Op de webside Omjouwingsloket kinne jo in oanfraach foar in omjouwingsfergunning yntsjinje.

Evenemint op in provinsjale dyk

Dan hawwe jo in ûntheffing fan de wegeferoarderingen nedich. Dizze frijstelling freegje jo oan fia de webside fan de Provinsje Fryslân 

Evenemint op provinsjaal farwetter

Dan hawwe jo in ûntheffing fan de farwegenferoardering nedich. Dizze frijstelling freegje jo oan fia de webside fan de Provinsje Fryslân 

Besikers parkeare bûten it eveneminteterrein

Dan hawwe jo in parkearûntheffing nedich. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Parkeare foar bedriuwen. Hâld der rekken mei dat de binnenstêd fan Ljouwert auto-earm is.

Kosten

Hoefolle oft jo betelje, hinget ôf fan it soarte evenemint. Wy berekkenje de kosten neffens Tarivetabel Algemiene Leezjesferoardering.

Fergunningsoanfragen dêr’t jo net foar hoege te beteljen

  • Foar strjitfeesten, wykfeesten of doarpsfeesten hoege jo net te beteljen. Wol moatte jo oan de folgjende betingsten foldwaan:
    • De wykferiening, it wykpanel of de doarpsferiening organisearret it feest.
    • De fergunning foar in strjitfeest is oanfrege troch in bewenner. Mar wol út namme fan de oare bewenners fan dy strjitte.
    • By it feest binne gjin gemeentlike tsjinsten of helptsjinsten nedich.
    • De organisaasje ferwachtet per dei minder as 1000 besikers.
    • It feest duorret maksimaal 4 dagen.
  • Foar it organisearjen fan berne-aktiviteiten yn in skoalfakânsje hoege jo net te beteljen.
  • Foar huldigingen fan minsken dy’t ek bûten har eigen wenplak in soad betsjutte en alle betinkingen hoege jo net te beteljen.

Prekario

As der net oan de betingsten foldien wurde kin, dan moat der prekariobelesting betelle wurde foar it gebrûk meitsjen fan gemeentegrûn.

Wolle jo op ’e hichte bliuwe?

Skriuw jo dan yn foar ús digitale nijsbrief. Jo krije 3 oant 4 kear yn it jier in e-mail fan ús. Mei de digitale nijsbrief hâlde wy jo op ’e hichte fan alle ûntwikkelingen om evenemintefergunningen yn de gemeente Ljouwert hinne.

Mear ynformaasje oer eveneminten

Mear ynformaasje fine jo op de pagina Eveneminten. Bygelyks oer:

  • Evenemintekalinder.
  • Tagonklikens fan eveneminten.
  • Lokaasjeprofyl eveneminten.
  • Ferkearsregelers by eveneminten.
  • Oerlêst troch eveneminten.
  • Eveneminten en beskerming fan de natuer.

Wet- en regeljouwing

De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (lokaal):

  • Algemiene wet bestjoersrjocht
  • Beslút brânfeilich gebrûk en basishelpferliening oare plakken
  • Beslút bouwurken leefomjouwing
  • Omjouwingswet

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal):

  • Algemiene Pleatslike Feroardering Ljouwert
  • Beliedsregel iepenlofteveneminten
  • Beliedsregel gelûd Eveneminten yn de iepen loft 2022
  • Ofwagingsramt foar oanfragen foar opnimmen op de Evenemintenkalinder
  • Leezjesferoardering Ljouwert
  • Feroardering prekariobelesting Ljouwert
  • Single Use Plastic wetjouwing EU