Fluch oan:

Terras

As ûndernimmer betelje jo prekariobelesting foar it hawwen fan in terras op gemeentegrûn.
Yn 2021 en 2022 hoegde dat net fanwegen de koroanamaatregels. Der binne no gjin koroanamaatregels mear.

Lisplak fartúch

Jo betelje perkariobelesting foar it ynnimmen fan in lisplak yn gemeentewetter.

Oare ûnderwerpen

Hawwe jo in oanslach ûntfongen yn kombinaasje mei leezjes? Bygelyks foar it oanfreegjen fan in fergunning foar in kontener foar bouôffal en sloopôffal, of it hâlden fan eveneminten. Mear ynformaasje fine jo op de pagina fan dat ûnderwerp op dizze website.

Hoe kinne jo de prekariobelesting betelje?

Jo kinne de oanslach foar de prekariobelesting op 3 ferskate manieren betelje:

  • Jo machtigje de gemeente mei in automatyske ynkasso. Dat jildt allinnich foar prekariobelesting terras en lisplak. Foar oare prekariobelesting is in automatyske ynkasso net mooglik.
  • Jo kinne in betellingsregeling oanfreegje.
  • Jo meitsje it bedrach fan de oanslach sels nei ús oer. Jo hawwe de folgjende gegevens nedich:
    • Rekkennûmer: NL10BNGH0285100343.
    • Op namme fan: Gemeente Ljouwert.
    • Omskriuwing: oanslachnûmer en subjektnûmer.

Betelje jo út it bûtenlân wei?

Notearje it BIC-nûmer: BNGHNL2G. Hâld der rekken mei dat it langer duorje kin foardat it bedrach by ús is.

Kosten

Wolle jo witte wat jo presys oan prekariobelesting betelje? Sykje it ûnderwerp dan op fia pagina Fergunning.

Net iens mei de oanslach prekariobelesting?

Mear ynformaasje fine jo op de pagina Beswier meitsje tsjin gemeentlike belestingen.

Wet- en regeljouwing

De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (lokaal):

  • Gemeentewet

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal).

  • Feroardering prekariobelesting Ljouwert