Fluch oan:

Wolle of kinne jo dit net digitaal oanfreegje?

Download it formulier winkeltiidûntheffing oanfreegje (PDF, 133.73 KB en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Ofwikende iepeningstiden op feestdagen

  • Op Goed Freed, Deadebetinking (4 maaie) en Krystjûn (24 desimber) meie winkels iepen wêze fan 06:00 oant 19:00 oere.
  • Keningsdei en Befrijingsdei binne gewoane wurkdagen. Winkels meie iepen wêze fan 06:00 oant 22:00 oere.
  • Op Earste Peaskedei, Earste Pinksterdei, Earste Krystdei en Nijjiersdei moatte winkels ticht bliuwe.
  • Op Twadde Peaskedei, Himelfeartsdei, Twadde Pinksterdei en Twadde Krystdei meie winkels iepen wêze fan 06:00 oant 22:00 oere.
  • Falt Krystjûn (24 desimber) of Aldjiersdei (31 desimber) op in snein? Dan meie winkels iepen wêze fan 06:00 oant 18:00 oere.

In winkeltiidûntheffing op feestdagen

Op Earste Peaskedei, Earste Pinksterdei, Earste Krystdei en Nijjiersdei binne winkels sluten. As der in bysûndere en tydlike gelegenheid is, kin de gemeente in winkeltiidûntheffing jaan. Bygelyks foar in lustrumfiering of de (wer)iepening fan in winkel. De winkel mei dan iepen wêze fan 06:00 oant 22:00 oere.

Wannear krije jo gjin ûntheffing?

As de ôfwikende iepeningstiden te folle oerlêst jouwe. Bygelyks foar de wen- en libbenssituaasje. Of foar de iepenbiere oarder yn ’e omjouwing fan ’e winkel.

Kosten

€ 52,61.

Wet- en regeljouwing

De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (lokaal):

  • Winkeltidenwet.
  • Frijstellingsbeslút winkeltidenwet.

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal).

  • Feroardering winkeltiden Ljouwert.