Fluch oan:

Net iens mei de WOZ-wearde

Mear ynformaasje fine jo op de pagina Beswier meitsje tsjin gemeentlike belestingen.

WOZ-wearde ynsjen

Eltsenien mei de WOZ-wearde fan wenningen ynsjen fia it WOZ-weardeloket.

Ferskil tusken weardepeildatum en tastânspeildatum

Foar de WOZ-wearde geane wy út fan de wearde dy’t jo objekt hie op 1 jannewaris fan it foarige jier. Dat hjit de weardepeildatum. Is der nei de weardepeildatum wat oan jo objekt feroare? Bygelyks (nij)bou, ferbou, in oare bestimming of sloop. Is dêrtroch de wearde mear as minder wurden? Dan sjogge wy foar de WOZ-wearde nei de steat (tastân) fan it objekt op 1 jannewaris fan dit jier. Dat hjit de tastânspeildatum.

WOZ-wearde wenningen

WOZ-wearde 2024

It is mooglik dat de WOZ-wearde fan jo wenning yn 2024 heger is as ferline jier. Neffens de wet WOZ moatte wy sjen nei de wearde fan jo hûs yn it begjin fan it foarige jier. Dus 1 jannewaris 2023. As ferkeapsifers fan fergelykbere wenningen om 1 jannewaris 2023 hinne heger binne as fergelykbere ferkeapsifers fan in jier earder, dan stiicht de wearde.

Wurdearje op grûn fan ferkeapprizen fan deselde soarte wenningen

Foar de WOZ-wearde fan wenningen geane wy út fan de merkwearde op de weardepeildatum. Om dy wearde te bepalen, sjogge wy nei de ferkeapprizen fan deselde soarte wenningen dy’t om 1 jannewaris it foarige jier hinne ferkocht binne. Dêrby hâlde wy rekken mei ferskillen lykas it boujier of bijgebouwen.

Wy geane derfan út dat der gjin saaklike rjochten by de wenning hearre, lykas hier, erfpacht, opstal en hiemtsjinstberheid.

Wurdearje op oerflak

Sûnt 2022 binne gemeente ferplicht om foar de WOZ-wearde fan wenningen út te gean fan it gebrûksoerflak (GBO). Foarhinne bepaalden wy de WOZ-wearde op grûn fan de ynhâld fan de wenning. Jo kinne de GBO fan jo wenning yn it taksaasjeferslach besjen.

Wurdearje mei eigen ferkeapsifer

Hat de wenning in eigen ferkeapsifer? Wy kinne de merkwearde dan presizer bepale. Miskien dat de WOZ-wearde justjes heger of leger wurdt as de ferkeappriis. Bygelyks as de huzeprizen tusken de ferkeapdatum en de weardepeildatum omheech om omleech gien binne.

WOZ-wearde net-wenningen

Meastal geane wy út fan de merkwearde. Wy sjogge dan nei de hierpriis per fjouwerkante meter. Dy hierpriis dogge wy kear it bruto flieroerflak en kear in saneamde ‘kapitalisaasjefaktor’. Mei de kapitalisaasjefaktor rekkenje wy de hierpriis per jier om nei in wearde. By de weardebepaling fan in net-wenning hâlde wy rekken mei bygelyks it plak, de bouwize en hoe goed it ûnderhâlden is.

WOZ-wearde nijbouobjekten

Is jo objekt noch yn oanbou en wurdt it yn ’e rin fan it jier oplevere? Dan bepale wy de wearde fan it objekt nei de tastân op 1 jannewaris fan it folgjende jier. Dêrtroch wurdearje wy dit objekt yn it folgjende jier as ôfboud projekt. En net mear as objekt yn oanbou.

Hierders en WOZ

Jo krije in ‘hierdersbeskikking WOZ’. Dêr stiet yn wat de WOZ-wearde is fan de wenning dy’t jo hiere. De WOZ-wearde fan jo hierwenning bepaalt foar in part hoefolle hier oft jo betelje. As jo in sosjale hierwenning hawwe, kin de WOZ-wearde ynfloed hawwe op de maksimale hierpriis.

Mear ynformaasje oer de maksimale hierpriis fine jo op de webside fan de Rijksoverheid.

Hawwe jo gjin hierdersbeskikking krigen?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Wa brûke de WOZ-wearde noch mear?

De Belestingtsjinst en it Wetterskip brûke de WOZ-wearde ek foar de oanslaggen dy’t jo fan harren krije.

Belestingoanjefte

Op de oanslach gemeentlike heffingen stiet foar hokker belestingjier de WOZ-wearde jildt. By jo belestingoanjefte brûke jo de WOZ-wearde fan it jier dêr’t jo oanjefte oer dogge.

Elts jier opnij stelle wy de WOZ-wearde fan jo objekt fêst.

De wearde fan dit jier kin dus oars wêze as de wearde fan ferline jier.

De Waarderingskamer kontrolearret de gemeente.

Dit is in ûnôfhinklike organisaasje. Sy kontrolearje oft alle gemeente de ‘Wet Wurdearring Unreplike Saken (WOZ)’ goed útfiere. De Waarderingskamer sjocht dus oft wy de wearde fan in objekt op de goede manier fêststelle.

Mear ynformaasje

Foar mear ynformaasje kinne jo de webside fan de Waarderingskamer of de webside fan it Kadaster besjen.

Wet- en regeljouwing

De folgjende wetten en regeljouwing fine jo op de webside Overheid.nl (nasjonaal):

  • Wet wurdearring ûnreplike saken
  • Gemeentewet
  • Algemiene wet bestjoersrjocht