Automatyske ynkasso gemeentlike belestingen
Mei in automatyske ynkasso wurdt it bedrach fan de oanslach yn tsien moannebedraggen fan jo rekken ôfskreaun. Jo kinne dy net oanfreegje foar leezjes begraafrjochten, toeristebelesting en neiheffing parkearbelesting. In automatyske ynkasso kinne jo sels digitaal oanfreegje, wizigje of ynlûke.
Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?
QR-koade op oanslach
Dizze koade kinne jo mei jo mobile telefoan scanne. Dêrnei kinne jo ús machtigje foar in automatyske ynkasso.
Gjin QR-koade op oanslach
Dan hawwe jo al in automatyske ynkasso.
Skriftlik in automatyske ynkasso oanfreegje, wizigje of ynlûke
Download it folgjende formulier en folje it yn:
- Ynlûken of wizigjen machtiging automatyske ynkasso (PDF, 59,39 KB)
- Ynlûken automatyske ynkasso (PDF, 129 KB)
Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Hoe wurket in automatyske ynkasso (machtiging)?
- It bedrach wurdt op ûngefear de lêste dei fan de moanne fan jo rekken ôfskreaun.
- Jo betelje it earste bedrach yn de moanne nei de datum dy’t op de oanslach stiet.
- De machtiging dy’t jo ôfjouwe, jildt ek foar de kommende jierren.
- By jo ferstjerren bliuwt de machtiging jildich. Jo erfgenamten kinne sels de machtiging ynlûke of oanpasse.
- As jimme út elkoar gean, bliuwt de machtiging jildich. Sjoch dus goed foar hokker rekkennûmer de machtiging jildt.
- Per persoan brûke jo ien rekkennûmer. Krije jo op jo namme likegoed in privee-oanslach as in saaklike oanslach? Beide bedraggen wurde fan dat iene rekkennûmer ôfskreaun.
- Slagget it ús net jild fan jo rekken ôf te skriuwen (dat hjit stornearjen), dan krije jo in brief fan ús. Bygelyks omdat der net genôch jild op jo rekken stiet. Wy ferdiele it bedrach dat jo betelje moatten hiene oer de kommende ôfskriuwingen. Jo moannebedrach giet omheech.
- Slagget it ús in twadde kear net om it moannebedrach ôf te skriuwen? Dan ferrekkenje wy dat twadde bedrach op deselde wize. Jo moannebedrach giet foar de lêste moannen noch fierder omheech.
- Slagget it ús in tredde kear net om in moannebedrach ôf te skriuwen? Dan skriuwe wy dat kalinderjier gjin jild mear fan jo rekken ôf. Jo krije in brief fan ús. It bedrach dat jo noch betelje moatte, moatte jo sels oermeitsje. Foar it folgjende kalinderjier jildt wer de automatyske ynkasso.
- Soms stoppet de automatyske ynkasso definityf. Dat bart as:
- jo rekkennûmer blokearre is foar automatyske ynkasso’s;
- jo it bedrach sels weromboeke.
Jo krije in brief fan ús. Jo moatte it iepensteande bedrach sels betelje. Yn it folgjende jier begjint de ynkasso net opnij en automatysk.
Twa ôfskriuwing troch de gemeente Ljouwert
Jo hawwe dit jier twa oanslaggen ûntfongen. In oanslach foar de gemeentlike heffingen en in oanslach foar de ôffalstoffeheffing (fariabele part). De automatyske ynkasso jildt foar beide oanslaggen. Dêrom wurde der twa bedraggen fan jo rekkening ôfskreaun.
Net iens mei it ôfskreaune bedrach
Lit it bedrach binnen 56 dagen weromboeke troch jo eigen bank. Nim hjirfoar kontakt op mei jo bank.