Adresûndersyk
Binnen 5 dagen nei’t jo ferhuze binne, jouwe jo jo adres troch oan de gemeente. Dat is wetlik ferplichte. Dogge jo dat net, dan kinne wy in adresûndersyk ynstelle. Stiet der immen op jo adres ynskreaun dy’t dêr net (mear) wennet? Freegje ús in adresûndersyk yn te stellen.
Wat binne de gefolgen fan in ferkeard adres?
As wy jo by it adresûndersyk net fine, wurde jo útskreaun. Dat kin gefolgen hawwe foar bygelyks:
- Jo bystânsútkearing of AOW.
- Jo bernetaslach of berneopfangtaslach.
- Jo hiertaslach.
- Jo stúdzjefinansiering.
- It ôfjaan fan in identiteitsbewiis of úttreksel út de Basisregistraasje Persoanen.
- Soarch of (skuld)help. Wy kinne jo net berikke as wy gjin goed adres hawwe.
Wêrom is in goed wenadres sa wichtich?
As jo jo ferhuzing trochjûn hawwe, wurde jo nije gegevens ferwurke yn de Basisregistraasje Persoanen (BRP). Hjiryn steane de persoansgegevens fan alle ynwenners fan Nederlân. Alle oerheidsynstânsjes brûke de BRP. Bygelyks:
- Belestingtsjinst;
- Sosjale Fersekeringsbank (SVB);
- Tsjinst Utfiering Underwiis (DUO);
- Pensjoenfûnsen;
- Gemeenten.
De gemeente wurket gear mei de Landelijke Aanpak Adreskwaliteit.
Dat dogge se foar in goede adreskontrôle. Oerheidstsjinsten jouwe harren twivels oer de bewenning fan in adres troch oan de gemeente. Is der foldwaande twivel? Dan folget in adresûndersyk.
Mei in ferkeard wenadres yn de BRP is bygelyks adresfraude mooglik. Mar ek misbrûk fan taslaggen, of it ûntwiken fan (belesting)skulden en boetes.
In adresûndersyk kin ek in húsbesite ynhâlde.
Dat bart allinnich as der serieuze twivel is. It ûndersyk foldocht oan de regels foar privacybeskerming. De ûndersikers moatte har legitimearje.
In adresûndersyk betsjut net altyd fraude.
Faak giet it om in misferstân of ferjitte minsken in ferhúzing troch te jaan. Blykt út it ûndersyk dat in wiziging fan de BRP-registraasje nedich is? De gemeente sil dat oan de bewenners melde. By foldwaande bewiis hat de gemeente it foech en de plicht de registraasje te wizigjen. De gemeente hat dêr gjin tastimming fan de belutsene foar nedich.
Fragen?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert of meitsje in ôfspraak om lâns te kommen.