Fluch oan:

Wêr oanfreegje?

Hokker ôfskrift?

Wêr oanfreegje?

Berte Yn de bertegemeente.
Houlik / Registrearre partnerskip Yn de gemeente dêr’t it houlik of registrearre partnerskip sluten is.
Echtskieding / Beëiniging registrearre partnerskip Yn de gemeente dêr’t jo troud binne.
Ferstjerren Yn de gemeente dêr’t de persoan stoarn is.

Wa mei in ôfskrift oanfreegje?

De folgjende ôfskriften meie jo sels oanfreegje:

  • Berteakte foar josels of jo bern.
  • Houliksakte foar josels en jo partner.
  • Partnerskipsakte foar josels en jo partner.
  • Echtskiedingsakte foar josels en jo partner.
  • Akte beëiniging partnerskip foar josels en jo partner.
  • Ferstjerrensakte foar jo partner, bern en âlden.

Ofskrift oanfreegje foar immen oars?

Bygelyks as jo erfgenamt of wetlik fertsjintwurdiger fan dy persoan binne.

Wat hawwe jo dan nedich?

  • In machtiging fan dyjinge foar wa’t jo in ôfskrift oanfreegje.
  • In kopy fan in jildich legitimaasjebewiis fan dy persoan. Bygelyks in identiteitskaart, paspoart of rydbewiis.

Hoe oanfreegje?

  • Digitaal oanfreegje Jo hawwe in DigiD nedich.
    • Freegje jo it ôfskrift oan foar immen oars? De persoan foar wa’t jo it ôfskrift oanfreegje, moat sels de oanfraach mei DigiD befêstigje.
    • Jo moatte fuortdaliks online betelje.
    • Wy stjoere it úttreksel binnen 5 wurkdagen nei jo húsadres.
  • Skriftlik oanfreegje:
    • Stjoer in brief mei jo fraach nei de gemeente Ljouwert. Heakje in kopy ta fan in jildich legitimaasjebewiis. Bygelyks in identiteitskaart, paspoart of rydbewiis.
    • Wy stjoere it úttreksel binnen 7 wurkdagen nei jo húsadres.
    • Jo krije in rekken oer de post.
  • Persoanlik lânskomme op it Gemeentehûs:
    • Meitsje in ôfspraak om lâns te kommen. Sûnder ôfspraak kinne wy jo net helpe. De datums dy’t jo sjogge by it online ynplannen fan jo ôfspraak binne de iennichste datums dy’t beskikber binne. It hat dus gjin doel om ús te beljen om in ôfspraak te meitsjen.
    • Nim in jildich legitimaasjebewiis mei. Bygelyks in identiteitskaart, paspoart of rydbewiis.
    • Jo betelje it ôfskrift kontant of mei de pin oan de baalje.

Kosten

€ 16,60.