Aginda Binnenstêd
Wy wurkje oan in oantreklike en berikbere binnenstêd. Us binnenstêd is in plak dêr’t minsken út stêd, doarp en regio mei nocht wenje, wurkje, ûndernimme, winkelje en rekreëarje.
In oantreklike en sûne binnenstêd.
- Wy sette yn op in oantreklike en sûne binnenstêd. Mei goede foarsjennings en in miks fan funksjes.
- Wy behâlde de histoarysk-romtlike kwaliteit om’t dit wichtich is foar in oantreklike binnenstêd.
- Wy ûntwikkelje de binnenstêd as in noflik gebiet mei romte foar kultuer, eveneminten en festivals. In plak om elkoar te moetsjen, saaklik of privee, dêr’t nije ideeën ûntstean kinne.
- Wy fergrienje de stêd troch it byplantsjen fan beammen.
- Ek geane wy oan de slach mei it klimaatadaptyf meitsjen fan de binnenstêd.
- Binnenstêden soargje foar banen en binne wichtich foar it fêstigingsklimaat fan de stêd. Dêrom moedigje wy ûndernimmerskip oan. Wy hawwe hjirby each foar in goede ferdieling fan funksjes tusken retail en hoareka.
De basis is lein yn de Aginda binnenstêd 2021-2028. De kommende perioade wolle wy dizze plannen fierder útwurkje yn in útfieringsprogramma.
Wat binne ús ambysjes?
Yn de aginda binne ferskate ambysjes en maatregels omskreaun oant 2028. It giet om ferskillende tema’s dy’t de binnenstêd meitsje wat se is. Of wat der noch better kin. Yn it koart giet it yn ’e Aginda binnenstêd om de folgjende ambysjenivo’s:
Ambysjenivo A
Ferhastigjen besteand belied.
Ambysjenivo B
Ferhastiging en ekstra ynset op besteand belied.
Ambysjenivo C
Bysûndere en ûnderskiedende projekten op bepalende tema’s as wetter, grien en keunst en kultuer.
Ambysjenivo D
Sterke en fitale binnenstêd.
Wy geane oan it wurk
De gemeente is al dwaande mei it útwurkjen en útfieren fan maatregels foar de binnenstêd. Tink bygelyks oan it ynfieren fan in auto-earme binnenstêd, bysûndere keunstprojekten en maatregels foar in better klimaat en in berikbere stêd. Dat past foar it grutste part by Ambysjenivo A út de aginda. It kolleezje wol graach yn ’e mande mei de gemeenteried besykje om ambysjenivo C út te wurkjen. Nammentlik it stribjen nei in écht ûnderskiedende binnenstêd.