Fluch oan:

Wat docht in konteneradoptant?

  • Jo soargje dat it kreas is om ’e ûndergrûnske kontener hinne. Bygelyks troch lyts swalkôffal op te romjen en de stoepe oan te feien.
  • Jiskesekken dy’t by de ûndergrûnske kontener steane, smite jo yn ’e kontener mei de ‘Skjinne buertpas’.
  • Stiet der ôffal neist de kontener dat der net yn past? Meld dit fia de ôffalapp fan Omrin of it kontaktformulier op de website fan Omrin. Sy helje it dan op.

It adoptearjen fan in kontener dogge jo frijwillich.

  • Jo bepale sels hoe faak oft jo de omjouwing om de ûndergrûnske kontener hinne kontrolearje. Alle lytse bytsjes helpe.
  • Jo krije fan ús skjinmakspul. Bygelyks in biezem, wanten, feier en blik en in griper.

Fragen?

Stjoer in e-mail nei afvalcoach@omrin.nl.