Erkennen bern nei de berte
Jim binne net troud, mar jo wolle wol de wetlike heit of duomem fan in bern wêze? Dan kinne jo in bern erkenne. De mem moat hjir tastimming foar jaan. Dat kin ek as jo net de biologyske âlder binne. Meitsje in ôfspraak om in bern te erkennen.
Meinimme nei de ôfspraak
- Beide âlden komme tegearre nei de ôfspraak. Mocht mem net by steat wêze om mei te kommen, dan meie jo by in 2e of folgjende bern de tastimming fan de erkenning ek skriftlik dwaan.
- Komme jo mei beide âlden nei it gemeentehûs? Dan moatte jim jim beide legitimearje.
- Komt de heit/duomem allinnich nei it gemeentehûs? Dan moatte jo neist it dokumint Skriftlike tastimming erkenning ek it legitimaasjebewiis fan de mem meinimme.
Betingsten foar it erkennen fan heit-wêzen
- Stiet de mem net yn Nederlân ynskreaun? Dan moat sy bewize dat sy net troud is. Dat kin mei in ferklearring fan net-troud wêzen.
- Jo moatte minimaal 16 jier wêze om in bern erkenne te kinnen.
Hâld rekken mei it folgjende:
- As jo it bern erkenne, wurde jo de wetlike heit. Dêrmei krije jo alle rjochten en plichten dy’t hearre by it heit-wêzen.
- It bern krijt troch de erkenning erfrjocht.
- Jo erkenne elk bern apart. Ek in twadde of tredde bern út deselde relaasje moatte jo dus erkenne.
- De kar fan de efternamme hoege jo, by in folgjend bern út deselde relaasje, net opnij troch te jaan.
Op hokker momint in bern erkenne?
Erkenne foar de berte
Mear ynformaasje fine jo op pagina Erkennen bern fóár de berte.
Erkenne by de berte-oanjefte
Freegje erkenning oan op it stuit dat jo oanjefte dogge fan de berte fan it bern. Jo freegje erkenning oan op it gemeentehûs.
Erkenne nei de berte
- Jo geane tegearre mei de mem nei it gemeentehûs om it bern te erkennen.
- Jo erkenne it bern by de amtner fan de boargerlike stân.
- Is it bern âlder as 12 jier? Dan hawwe jo de skriftlike tastimming nedich fan de mem én fan it bern.
- Is it bern âlder as 16 jier? Dan moat it bern ek meikomme nei de ôfspraak om tastimming te jaan. De mem hoecht der net by te wêzen.
In bûtenlânsk bern erkenne
Dit kin gefolgen hawwe foar de nasjonaliteit fan it bern. Dat hinget ôf fan de leeftiid fan it bern. Nim hjiroer kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
In efternamme foar it bern kieze
- Regelje jo neat? Dan krijt it bern de efternamme fan de mem.
- Wolle jo dat it earste bern de efternamme fan de heit krijt? Dat regelje jo tegearre op it gemeentehûs. It twadde en folgjende bern krijt automatysk deselde namme as it earste bern.
- Mear ynformaasje fine jo op de pagina Nammekar fan jo bern.
Kosten
It erkennen fan in bern nei de berte is fergees.