Fluch oan:

Wat nimme jo mei nei it gemeentehûs?

  • It is nedich dat de âlden tegearre lânskomme.
  • Nim jo jildich legitimaasjebewiis mei.
  • By in twadde en folgjend bern hoecht de mem net mei nei de ôfspraak.
  • Yn dat gefal hawwe jo de skriftlike tastimming mei hantekening fan de mem nedich. Ek nimme jo in kopy mei fan it jildich legitimaasjebewiis fan de mem.
  • Wennet de mem yn it bûtenlân? Dan moat sy mei in ferklearring fan net-troud wêzen bewize dat sy net troud is.

Wat is wichtich om te witten?

As jo it bern fóár de berte erkenne, dan:

  • Krijt it bern by de berte de Nederlânske nasjonaliteit, as ien of beide âlden Nederlanner binne.
  • Krijt de heit of duomem in (dielde) finansjele ferantwurdlikheid foar it bern.
  • Untstiet der in erfjochtlike bân tusken de heit of duomem en it bern.
  • Hat it bern fuortdaliks by de berte twa juridyske âlden. De heit of duomem stiet fuortdaliks as âlder op de berte-akte.

Alderlik gesach oanfreegje

Op 1 jannewaris 2023 feroarje de regels oer gesach. Ek âlden dy’t net troud binne, of gjin registrearre partnerskip hawwe, krije mienskiplik gesach troch in erkenning nei 1 jannewaris 2023.

Hawwe jo foar 1 jannewaris 2023 in bern erkend? Dan jilde de ‘âlde’ regels.

Wolle jo witte hokker situaasje der foar jo jildt? Besjoch it skema Gesach troch erkenning.

  • Jo krije net automatysk it âlderlik gesach oer it bern as jo it bern foar de berte erkend hawwe.
  • It âlderlik gesach freegje jo oan by de rjochter. Op de website fan de ryksoerheid stiet mear ynformaasje oer it oanfreegjen fan it âlderlik gesach.

Nammekar earste bern

  • Erkenne jo it bern foar de berte? En is dit it earste bern fan jo en jo partner? Dan kinne jo derfoar kieze dat it bern de efternamme fan de heit of duomem krijt. Dat dogge jo by de erkenning. Beide partners tekenje dêrfoar persoanlik de akte fan erkenning fan it net-berne bern op it gemeentehûs.
  • Dogge jo dat net? Dan krijt it bern automatysk de efternamme fan de mem. De folgjende bern krije automatysk deselde efternamme as it earste bern.

Kosten

It erkennen fan in bern is fergees.