Emigrearje of langer as 8 moannen yn it bûtenlân ferbliuwe
Ferhúzje jo nei it bûtenlân? Of geane jo it kommende jier langer as 8 moannen nei it bûtenlân? Jou dit dan maksimaal 5 dagen foar’t jo ôfreizgje oan ús troch. Dat kin digitaal.
Wolle of kinne jo de emigraasje net digitaal trochjaan?
Kom dan lâns op it gemeentehûs; meitsje hjirfoar in ôfspraak.
Wa mei in emigraasje trochjaan?
- Elkenien dy’t 16 jier of âlder is. Alden, fâden of fersoargers jouwe de emigraasje foar bern jonger as 16 jier troch.
- Kuratoaren jouwe de emigraasje troch foar minsken dy’t ûnder kuratele stean.
- Alden en harren bern (âlder as 16 jier) meie de emigraasje foar elkoar trochjaan. Jo moatte op itselde adres wenje.
- Oarehelten of registrearre partners meie de emigraasje foar elkoar trochjaan. Jo moatte op itselde adres wenje.
Net alle gesinsleden emigrearje
As in pear gesinsleden net emigrearje, dus efterbliuwe op it hjoeddeistige adres, moatte alle persoanen dy’t wól emigrearje persoanlik nei it gemeentehûs komme. Meitsje hjirfoar in ôfspraak.
Wat meinimme?
- Jo legitimaasjebewiis (identiteitskaart, paspoart of rydbewiis).
- Jo jouwe jo adres yn it bûtenlân oan ús troch.
Nim kontakt mei ús op yn de folgjende gefallen:
- As jo koarter as 8 moannen, mar binnen in perioade fan in jier, yn it bûtenlân wenje sille. En jo jo wenning ferkocht hawwe of de hier opsein hawwe.
- As jo nei it bûtenlân geane en der immen oars yn jo hûs komt te wenjen.
Fluch oan: