Fluch oan:

Oanbieders yn Ljouwert

  • Check: 175 dielscooters.
  • Greenwheels en MyWheels: 15 Dielauto’s.

Regels foar dielscooters en -fytsen yn Ljouwert

Om derfoar te soargjen dat de dielmobiliteit yn de stêd goed ferrint, hat de gemeente Ljouwert regels opsteld dêr’t de oanbieders har oan hâlde moatte:

  • As in brûker maksimaal trije kear fout parkeart, mei de brûker gjin gebrûk mear meitsje fan de tsjinst.
  • De oanbieders moatte har hâlde oan in maksimaal tal dielfytsen en dielscooters.
  • De ferfiermiddels meie gjin fersmoargjende gassen útstjitte.
  • Yn ’e mande mei alle oanbieders wurdt in plan makke foar de ynfiering fan ‘microhubs’. Dat binne plakken dêr’t dielscooters mienskiplik parkeard wurde moatte.

Dielauto’s

Yn de stêd Ljouwert binne ûngefear 15 dielauto’s. Dy binne fan Greenwheels of MyWheels. Yn de doarpen om Ljouwert hinne rinne in tal plannen fan de Freonen fan Fossylfrij Fryslân om ek dêr dielauto’s te brûken. Mear ynformaasje fine jo op de website fan buertbestjoerders.

Oerlêst?

Underfine jo oerlêst fan de dielscooters, -fytsen of -auto’s? Dan kinne jo kontakt opnimme mei de oanbieder.