Fluch oan:

Romtlik bouwen

De regels foar romtlik bouwen stean yn it omjouwingsplan. De gemeente bepaalt dizze regels. Romtlik bouwen kin fergunningsplichtich of fergunningsfrij wêze. Kontrolearje dit fia it Omjouwingsloket. Ek de oanfraach tsjinje jo hjir yn. Jo moatte altyd foldwaan oan de regels yn it omjouwingsplan. Ek as jo gjin omjouwingsfergunning nedich hawwe.

Hokker ynformaasje oanleverje?

Wy hawwe yn it ramt fan in fergunningoanfraach yn elk gefal de folgjende ynformaasje nedich fan de besteande en takomstige situaasje:

  • situaasjetekening
  • plattegrûntekening
  • oansichttekening
  • trochsneedtekening
  • detailtekening
  • kleur en materialen

Soargje derfoar dat jo alle frege ynformaasje oanleverje en dat der gjin privacygefoelige gegevens yn de bylagen stean. Bygelyks: jo namme, adres of BSN. Mist der ynformaasje? Dan skorse wy de behanneling fan jo oanfraach.

Wolstân

Jo fergunningsoanfraach moat foldwaan oan de wolstânsregels. De wolstânseasken stean yn de Wolstânsnota gemeente Ljouwert 2022.

Wy freegje advys oan de Advyskommisje Romtlike Kwaliteit Hûs en Hiem (advyskommisje) oer jo bouplan. De advyskommisje hâldt him oan de regels út de Wolstânsnota by it beoardieljen fan de oanfraach. Nei de beoardieling jout de advyskommisje de gemeente advys. As in plan net foldocht oan de ridlike easken fan wolstân, jout de gemeente gjin omjouwingsfergunning ôf. Neist de regels foar romtlik bouwen moatte jo ek foldaan oan de regels foar technysk bouwen.

Technysk bouwen

Foar technysk bouwen moatte jo in fergunning hawwe of in melding yntsjinje. Dit hinget ôf fan de ‘gefolchklasse’ dêr’t jo bouwurk yn falt. De gefolchklasse seit wat oer hoe risikofol oft in bouwurk is. De gefolchklasse dêr’t jo bouwurk yn falt, bepaalt hokker regels jilde (sjoch tabel). Der binne fjouwer gefolchklassen. Fia it Omjouwingsloket kontrolearje jo yn hokker gefolchklasse jo bouwurk falt.

Gefolchklasse 0 Fergunningfrij Amper risiko
Gefolchklasse I Meldingsplicht + kwaliteitsboarch Beheinde persoanlike gefolgen
Gefolchklasse II Fergunningplicht Reële kâns op persoanlike gefolgen
Gefolchklasse III Fergunningplicht Kâns op oansjenlike persoanlike gefolgen

Gefolchklasse 0: fergunningfrij

Bouwurken yn gefolchklasse 0 binne fergunningfrij. Bygelyks dakkajuten, dakruten of kezinen. Wol moatte jo foldwaan oan de boutechnyske regels. Dy regels geane bygelyks oer brânfeiligens, fundearring of enerzjysunigens. De foarskriften steane yn it Beslút bouwurken leefomjouwing en yn it Omjouwingsplan. Let op: it kin wêze dat jo in fergunning nedich hawwe foar romtlik bouwen.

Gefolchklasse I: meldingsplicht en kwaliteitsboarch

Gefolchklasse I binne bouwurken mei in leech risiko. Bygelyks wenningen, wenboaten, rekreaasjewenningen en yndustrygebouwen fan maksimaal 2 boulagen. Hjirop binne in tal útsûnderingen. Bygelyks as jo yn of op in monumintaal pân bouwe. Ek falt allinnich nijbou yn gefolchklasse I. Foar bouwurken yn gefolchklasse I moatte jo in kwaliteitsboarch ynhiere. Dat is ferplicht. De kwaliteitsboarch kontrolearret foar en ûnder de bou oft it bouplan foldocht oan de boutechnyske foarskriften. De kwaliteitsboarch hâldt tafersjoch fia in ynstrumint foar kwaliteitsboarging: dêr wurdt yn oanjûn op hokker wize it tafersjoch dien wurdt. Jo binne sels ferantwurlik foar de ynhier fan in kwaliteitsboarch. Fia de webside fan Talittingsorganisaasje Kwaliteitsboarging Bou kinne jo goedkarde kwaliteitsboargen fine. De gemeente bliuwt wol belutsen. Jo moatte nammentlik in bou- en klearmelding yntsjinje. De gemeente kin ek tafersjoch hâlde en hanthavenje as dat nedich is. Yn it Hannelingsperspektyf Fergunningen, Tafersjoch en Hanthavening (PDF, 572.05 KB lêze jo hoe’t wy ús rol sjogge en tafersjoch hâlde.

Melding yntsjinje

Tsjinje jo boumelding en klearmelding yn by de gemeente. Dit kostet jo jild. De boumelding tsjinje jo minimaal 4 wike foar’t jo begjinne te bouwen yn. De klearmelding tsjinje jo yn twa wike foar’t jo it bouwurk brûke wolle. Tsjinje de melding yn fia it Omjouwingsloket:

  • Gean nei it ûnderdiel ‘Oanfreegjen’.
  • Sykje by aktiviteiten op ‘Bouaktiviteit’.
  • Selektearje it formulier ‘Bouaktiviteit (technysk) – Melding (Ryk)’.

Hokker ynformaasje oanleverje?

Leverje alle frege ynformaasje oan. Dogge jo dat net? Dan moatte wy jo melding ôfwize. Jo meie dan net begjinne te bouwen of it bouwurk yn gebrûk nimme. Soargje dat der gjin privacygefoelige gegevens yn de bylagen stean. Bygelyks jo namme, adres of BSN.

Boumelding (4 wiken foar’t de bou start) Klearmelding (2 wiken foar yngebrûknimmen)
Wa is jo kwaliteitsboarger? Ferklearring kwaliteitsboarger
Hokker ynstrumint wurdt brûkt? Dossier befoege gesach
Risikobeoardieling
Boargingsplan

Bysûndere lokale omstannichheden

Yn de boumelding en klearmelding moatte jo rekkening hâlde mei bysûndere lokale omstannichheden.

Gefolchklasse II en III: fergunning technysk bouwen

Gefolchklasse II en III binne risikofolle bouwurken. Bygelyks appartemintekompleksen, skoallen of hotels. Foar dy bouwurksumheden hawwe jo in omjouwingsfergunning foar technysk bouwen nedich. Dêrneist is in fergunning foar romtlik bouwen ferplicht. De gemeente toetst komplekse bouplannen sels oan de boutechnyske foarskriften. Ek hâldt de gemeente tafersjoch ûnder de bou. Jo hoege gjin kwaliteitsboarch yn te hieren.

Oanfraach yntsjinje (fergunningsoanfraach)

Tsjinje jo fergunningsoanfraach yn fia it Omjouwingsloket:

  • Gean nei it ûnderdiel ‘Oanfreegjen’.
  • Sykje by aktiviteiten op ‘Bouaktiviteit’.
  • Selektearje it formulier ‘Bouaktiviteit (technysk) – Oanfraach fergunning (Ryk)’.

Leverje alle frege ynformaasje oan. Wy hawwe dizze ynformaasje nedich yn it ramt fan de fergunningsoanfraach. Soargje dat der gjin privacygefoelige gegevens yn de bylagen stean. Bygelyks: jo namme, adres of BSN.

Kosten

Der binne kosten ferbûn oan it yntsjinjen fan in fergunningsoanfraach. Dy kosten stean yn de Tarivetabel Algemiene Leezjesferoardering.

 

De tariven foar de beoardieling troch de Wolstânskommisje fine jo op de webside fan Hûs en Hiem.

 

Der binne gjin kosten ferbûn oan it yntsjinjen fan in melding.

Wet- en regeljouwing

De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (nasjonaal):

  • Beslút bouwurken leefomjouwing.

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal):

  • Omjouwingsplan gemeente Ljouwert.

Fragen of mear ynformaasje?

Foar fragen, mear ynformaasje en it oanfreegjen fan in omjouwingsfergunning gean jo nei de pagina Proseduere omjouwingsfergunning oanfreegje of melde.