Buertprevinsje
It buertprevinsjeteam set him yn foar de leefberens en feiligens fan in buert, wyk of doarp.
Hoe wurket it?
It buertprevinsjeteam makket mei-inoar ôfspraken oer harren rûntsjes troch de buert. Se hawwe leard hoe’t se goed omgean kinne mei lestige situaasjes. Ek wurkje se gear mei oare organisaasjes yn de buert, lykas de plysje en it gemeentebestjoer, om de buert feilich te hâlden.
Wolle jo dielnimme oan in buertprevinsjeteam?
Wolle jo witte oft yn jo wyk in buertprevinsjeteam aktyf is, nim kontakt op mei jo wykpanel of doarpsbelang en oars de gemeente. As der in buertprevinsjeteam aktyf is, bringe wy jo graach yn kontakt mei de koördinator buertprevinsje.
Wolle jo in buertprevinsjeteam begjinne?
As jo begjinne wolle mei in buertprevinsjeteam, kin it wykpanel of doarpsbelang jo helpe by it sykjen nei nije dielnimmers. Jo soene ek sels in oprop yn jo wykblêd pleatse kinne, in flyer hûs oan hûs ferspriede en/of in buertgearkomste hâlde kinne.
Understeuning fan de gemeente
Troch de gemeente wurdt in startgearkomste organisearre. Op dy gearkomste krije jo útlis oer buertprevinsje en wat jo wol en net dwaan meie as boarger. Elke dielnimmer krijt fan de gemeente in simmer- en winterjas, rêchtas en in bûslampe. Dat bliuwt eigendom fan de gemeente; jo ûndertekenje hjirfoar in brûklienoerienkomst. Dêrneist biedt de gemeente ferskillende opliedingen oan.
Jierlikse finansjele bydrage
Dielnimmers (maksimaal 15 leden) oan de buertprevinsje kinne jierliks by de gemeente Ljouwert in fersyk yntsjinje foar in finansjele bydrage. Dat is in fêste bydrage fan € 450,- per buertprevinsjeteam en € 15,- per dielnimmer. Mei dy bydrage kinne der aktiviteiten organisearre wurde of middels kocht wurde dy’t nedich binne foar it buertprevinsjeteam.
Wêr moatte jo oan foldwaan?
- Jo moatte yn it foar in oanfraach yntsjinje, mei de gegevens fan de oanfreger:
- Namme
- Bertedatum
- Adresgegevens
- Telefoannûmer
- E-mailadres
- Bankrekkennûmer
Dêrneist moat by dizze oanfraach in dielnimmerslist sitte fan it buertprevinsjeteam dêr’t de nammen, bertedatums, adressen en e-mailadressen fan alle dielnimmers op steane.
- De koördinator of plakferfanger nimt diel oan it koördinatoarenoerlis buertprevinsje.
- Der mei net in oare oanfraach út deselde buert, wyk of doarp dien wêze.
- De finansjele bydrage is allinnich bedoeld foar it buertprevinsjeteam en/of foar de leden fan it buertprevinsjeteam.
- Jierliks moatte jo de makke kosten ferantwurdzje kinne.
Mear witte?
Yn de flyer en de hantrekken buertprevinsje fine jo mear ynformaasje.