Beammen kappe
As jo in beam of meardere beammen kappe wolle, binne der in tal regels. De gemeente Ljouwert fynt it behâld fan beammen en grien wichtich. In griene omjouwing draacht by oan in sûne leefomjouwing.
Wannear hawwe jo in kapfergunning nedich?
Kapfergunning nedich
- Foar it kappen fan ien of mear monumintale of weardefolle beammen. Mear ynformaasje fine jo ûnder de kop “Monumintale en weardefolle beammen”.
- As jo 10 of mear beammen kappe wolle dy’t net monumintaal of weardefol binne, jilde der in oantal regels. De beammen dy’t jo kappe wolle, moatte op in hichte fan 1.30 meter fan de grûn ôf in stamomfang fan op syn minst 63 sintimeter hawwe. Dit betsjut dat de stam op syn minst 20 sintimeter breed wêze moat op dy hichte. Beammen dy’t in tinnere stam hawwe, telle net mei foar de kapfergunning.
Gjin kapfergunning nedich
Guon beammen kinne jo altyd sûnder fergunning kappe. Mei de fergunningcheck op it Omjouwingsgsloket kontrolearje jo oft jo in kapfergunning oanfreegje moatte.
Kappen fan beammen bûten de beboude kom
Foar it kappen fan beammen bûten de beboude kom jilde provinsjale regels. It kin sa wêze dat jo in melding yntsjinje moatte by de provinsje Fryslân. Sjoch op de webside fan de Provinsje Fryslân foar mear ynformaasje.
Kompensaasje
Wannear’t jo 10 beammen kappe, binne jo yn oerlis mei de gemeente ferplichte om hjir 11 beammen foar werom te plantsjen. As dat net of mar foar in part mooglik is, dan betelje jo in kompensaasjebedrach fan € 500,- per beam.
Monumintale en weardefolle beammen
Foar it kappen fan monumintale of weardefolle beammen freegje jo in omjouwingsfergunning oan.
Kompensaasje
Foar it kappen betelje jo in finansjele kompensaasje fan € 2000,- per beam, of it moat wêze dat dizze beam ûnwerstelber siik of beskeadige is. Dat moat troch in troch de gemeente oanwiisde saakkundige fêststeld wurde.
Monumintale en weardefolle beammen
Besjoch de list fan monumintale en weardefolle beammen foar mear ynformaasje oer hokker beammen monumintaal en weardefol binne yn ús gemeente.
Wolle jo sels in beam foardrage foar de list monumintale en weardefolle beammen? Stjoer dan in e-mail nei binnenstad@leeuwarden.nl. Dizze list wurdt elke 4 jier fêststeld.
Yllegaal kappen fan beammen
As der sprake is fan it yllegaal kappen fan beammen, moatte jo as boete twa kear it kompensaasjebedrach betelje. Mear ynformaasje oer dy bedraggen fine jo ûnder de kop “Kosten”.
Kompensaasjefûns
It kompensaasjebedrach dat jo betelje, wurdt yn it Kompensaasjefûns Grien stoart. Ut dit fûns wei wurde ûnder oare nije beammen betelle. Se wurde op in goede lokaasje plante dy’t de mooglikheid biedt om út te groeien ta folwoeksen eksimplaren.
Beammen en sinnepanielen
De gemeente is foarstanner foar it pleatsen fan sinnepanielen. Mar it fuortnimmen fan sinneljocht troch beammen is gjin reden om te snoeien of te kappen. Hâld by it pleatsen fan sinnepanielen altyd rekken mei besteande beammen en dat dy mooglik noch groeie kinne.
Fragen of help nedich?
Foar fragen, mear ynformaasje en it oanfreegjen fan in omjouwingsfergunning gean jo nei de pagina Proseduere omjouwingsfergunning oanfreegje of melde. Sykje by it oanfreegjen yn it Omjouwingsloket by ‘aktiviteiten’ it folgjende formulier: Beam kappe of houtopstân felle – Oanfraach fergunning (Gemeente).
Kosten
Monumintale beammen kapje
- 1 monumintale of weardefolle beam kostet € 398,52.
- 2 oant en mei 5 monumintale of weardefolle beammen kostet foar ien kear € 797,05.
- 6 of mear monumintale of weardefolle beammen kostet foar ien kear € 1.195,59.
Dit binne de kosten foar de oanfraach fan de fergunning. Hjir kinne noch kosten foar kompensaasje by komme.
Net monumintale of weardefolle beammen kappe
- 10 oant en mei 50 net monumintale of weardefolle beammen kostet foar ien kear € 797,05.
- 51 of mear net monumintale of weardefolle beammen kostet foar ien kear € 1.195,59.

Ekstra ynformaasje
Binne de beammen al kappe of wurde se kappe sûnder omjouwingsfergunning? Dan wurde de kosten hjirboppe mei 50% ferhege.
Wet- en regeljouwing
De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal):
- List monumintale en weardefolle beammen gemeente Ljouwert 2023.
- Neiere regels beammen en kompensaasje grien.
- Algemiene Pleatslike Feroardering. Ofdieling 3: It bewarjen fan houtopstannen (3).
- Ofdieling 11.3 Beslút aktiviteiten leefomjouwing.