Beskerme wenjen
Kinne jo net (mear) selsstannich wenje? Of hawwe jo hjir in soad help by nedich? Is it nedich dat der immen fuortdaliks foar jo is as jo dat nedich hawwe of dat immen oerdeis en nachts op jo let? Dan is Beskerme Wenjen mooglik in oplossing foar jo.
Kinne jo tydlik net (mear) selsstannich wenje?
Kinne jo tydlik net mear selsstannich wenje fanwegen psychyske of psychososjale problemen?
Wolle jo leare om (wer) selsstannich te wenjen of leare mei jo psychyske of psychososjale problemen om te gean? Dan kinne jo mooglik ûndersteuning krije út de Wmo wei. Jo kinne hjir (op ôfspraak) foar nei de buert- en doarpskeamers. Hjir binne frijwilligers en beropskrêften fan Amaryllis oanwêzich. Foar in foarsjenning út de Wmo wei betelje jo in eigen bydrage.
Kinne jo tydlik net mear selsstannich wenje, om’t jo in behanneling of medyske soarch nedich hawwe?
Foar fragen oer behanneling of medyske soarch nimme jo kontakt op mei jo húsdokter of spesjalist.
Kinne jo bliuwend net mear selsstannich wenje?
Kinne jo bliuwend (foar de rest fan jo libben) net mear selsstannich wenje, fanwegen:
- lichaamlike sykte
- psychogeriatryske problemen (bygelyks deminsje)
- ferstanlike beheining
- lichaamlike beheining
- sintúchlike beheining
- psychiatryske problemen
Is it nedich dat der immen fuortdaliks foar jo is as jo dat nedich hawwe of dat immen oerdeis en nachts op jo let? Dan kinne jo mooglik yn oanmerking komme foar soarch út de Wet langduorjende soarch (Wlz) wei. Freegje Wlz-soarch oan by it CIZ (Centrum Indicatiestelling Zorg).
Oare mooglike oplossingen
Mear ynformaasje oer de Wmo fine jo op de pagina Wmo. Bygelyks ynformaasje oer:
Hawwe jo oare fragen?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.