Bysûndere (oanpaste) fyts
Kinne jo net mear fytse op in gewoane fyts? Mooglik is dan in bysûndere (oanpaste) fyts in oplossing foar jo.
Ferskil tusken in gewoane fyts en in bysûndere (oanpaste) fyts
In gewoane fyts
In gewoane fyts is in fyts dy’t net spesjaal bedoeld is foar minsken mei in beheining (handicap). In gewoane fyts is bygelyks in elektryske fyts, in fyts mei helpmotor, in fyts mei in lege ynstap, in lisfyts, in bakfyts, in fytskarre, tandem of in oanhingfyts. Dizze kinne jo (twaddehânsk) keapje by in fytsewinkel.
In bysûndere (oanpaste) fyts
In bysûndere fyts is in fyts dy’t spesjaal bedoeld is foar minsken mei in beheining (handicap). Of in fyts dy’t spesjaal oanpast is foar immen mei in beheining. In bysûndere (oanpaste) fyts is bygelyks in trijetsjilfyts of in (oankeppelbere) handbike.
Hawwe jo in bysûndere (oanpaste) fyts nedich?
Wenje jo yn in soarchynstelling?
Bygeyks yn in ferpleechhûs of in ynstelling foar handicaptesoarch? Betelje jo hjirfoar gjin wenkosten lykas hier, gas, wetter, elektrysk? Freegje in bysûndere (oanpaste) fyts oan by it Soarchkantoar Fryslân.
Bysûndere (oanpaste) fyts nedich om nei it wurk of nei skoalle te gean?
Freegje in bysûndere (oanpaste) fyts oan by it UWV.
Bysûndere fyts nedich foar oare situaasjes?
Dan kinne jo mooglik in bysûndere fyts krije út de Wmo wei. Jou hjirfoar in melding troch oan de gemeente Ljouwert.
Hoe jou ik in melding troch?
Jou jo melding digitaal troch (jo hawwe DigiD nedich). Kinne of wolle jo net digitaal trochjaan? Download it Meldingsformulier Wmo en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Hoe giet it fierder?
In meiwurker fan de gemeente bellet jo binnen 6 wiken nei ûntfangst fan jo melding. De meiwurker wol earst graach mear witte oer jo situaasje. Dat kin troch in telefoanysk petear of in petear by jo thús. Mei-inoar wurdt nei in oplossing socht. De gemeente lit jo binnen 2 wiken nei it petear witte oft jo in bysûndere (oanpaste) fyts krije. Foar in foarsjenning út de Wmo wei betelje jo in eigen bydrage.
As der in soad meldingen tagelyk binne, kin it in bytsje langer duorje. Dat lit de gemeente jo dan witte.
Oare mooglike oplossingen
Mear ynformaasje oer de Wmo fine jo op de pagina Wmo. Bygelyks ynformaasje oer:
Hawwe jo oare fragen?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.