Fluch oan:

Hoe komt it gebiet derút te sjen?

Wolle jo witte wêr’t wat komt? Yn ’e mande mei omwenjenden is wurke oan it ûntwerp foar it gebiet.

Wat gie deroan foarôf?

Sûnt septimber 2017 wurket de gemeente Ljouwert nau gear mei ynwenners út te de omjouwing fan it WTC-gebiet en oare belutsenen yn in wurkgroep. Se hawwe in plan ûntwikkele om rekken te hâlden mei de soargen en kânsen dy’t neamd waarden. Dat is bedoeld om it gebiet oan te passen oan de behoeften fan de mienskip.

 

Yn it fêststelde stêdeboukundich plan hat de gemeente in byld sketst fan hoe’t it gebiet by it WTC der sawat út komt te sjen. Yn july 2018 hat de gemeenteried op fersyk fan de ûntwikkeler in nij foarstel fêststeld, dêr’t op inkele punte by ôfwykt wurdt fan de eardere kaders. De gemeenteried hat it stêdeboukundich plan op 23 jannewaris 2019 fêststeld. Dêrnei is mei de wurkgroep belanghawwers wurke oan it bestimmingsplan en oan it ynrjochtingsplan.