Gemeentlike Underskiedingen
De gemeente Ljouwert jout ûnderskiedings oan minsken dy’t har op in bysûndere wize ynset hawwe foar de mienskip. Of dy’t in bysûndere prestaasje levere hawwe. Soms kin in organisaasje of in bedriuw ek in ûnderskieding krije.
Ferskillende ûnderskiedingen
- Eareboargerskip
- Pinning fan Fertsjinste
- Sportpinning
- Ljouwerter Liuwke
- HERO58
- Predikaat
Eareboargerskip
It eareboargerskip is foar immen dy’t in bysûndere bydrage levere hat oan it belied fan de gemeente. Of foar immen dy’t in soad betsjut hat foar de (ynter)nasjonale bekendheid fan de gemeente. By it eareboargerskip hearre in pinning en in oarkonde. Op de oarkonde steane de gegevens fan de ûnderskieden persoan en de reden dat dy persoan de ûnderskieding krijt.
Eareboargers gemeente Ljouwert
- De hear J.S. Brandsma, âld-boargemaster fan de gemeente Ljouwert
- De hear mr. G.J. te Loo, âld-boargemaster fan de gemeente Ljouwert.
- De hear H. ten Hoeve, âld-riedslid en ‘skatbewekker’ fan it kultureel-histoarysk erfgoed fan Ljouwert.
- De hear F.J.M. Crone, âld-boargemaster fan de gemeente Ljouwert.
Eareboargers Boarnsterhim
Dit binne de eareboargers fan it diel fan de eardere gemeente Boarnsterhim dat no by de gemeente Ljouwert heart:
- De hear F.J. Hoekstra
- De hear Joh. de Vries
- De hear F. van der Meer
De Pinning fan Fertsjinste
De Pinning fan Fertsjinste is foar minsken dy’t bysûnder folle foar de gemeente Ljouwert dien hawwe op it mêd fan promoasje, kultuer, wittenskip, ekonomy of maatskippij. By de Pinning fan Fertsjinste hearre in pinning en in oarkonde. Op de oarkonde steane de gegevens fan de ûnderskieden persoan en de reden dat hy of sy de ûnderskieding krijt. Op de list Pinning fan Fertsjinste steane de minsken dy’t oant 1990 de Pinning fan Fertsjinste krigen hawwe.
De sportpinning
De sportpinning wurdt útrikt oan minsken, ynstellings of ferienings út de gemeente dy’t bysûndere sportprestaasjes levere hawwe. De sportpinning bestiet út in sulveren pinning en in oarkonde. Op de oarkonde steane de gegevens fan de ûntfanger en de reden dat dy persoan of organisaasje de ûnderskieding krijt. Op de list Sportpinning steane de minsken en organisaasjes dy’t de sportpinning krigen.
It Ljouwerter Liuwke
It Ljouwerter Liuwke is foar minsken of fertsjintwurdigers fan organisaasjes dy’t har bysûnder ynset hawwe foar de gemeente Ljouwert of de Ljouwerter mienskip. It Liuwke is in gouden spjeldsje. Op de list It Ljouwerter Liuwke steane de persoanen dy’t it Liuwke krigen.
HERO58
HERO58 is in ûnderskieding fan de gemeente Ljouwert foar jongeren oant en mei 27 jier dy’t frijwilliger binne foar de gemeente Ljouwert of de Ljouwerter mienskip. Mei dizze ûnderskieding set de gemeente jonge frijwilligers yn it sintsje. De ûnderskieding is yn 2019 by in frijwilligersfestival foar it earst útrikt troch wethâlder Hilde Tjeerdema.
Predikatelist Fryslân
De gemeente Ljouwert hat ferskillende organisaasjes en bedriuwen in predikaat jûn. Bygelyks ‘Keninklik’ of ‘Hofleveransier’. Op de Predikatelist (PDF, 17,88 KB) steane de organisaasjes en bedriuwen dy’t dit predikaat krigen hawwe.