Fluch oan:

Gemeentlike havens

Haven Prinsetún Ljouwert

De stedshaven om de Prinsetún yn Ljouwert hinne is ien fan de moaiste havens fan Nederlân. Jo kinne as besiker jo boat yn de Prinsetún oanlizze. Dat kin midden yn it park, oan de Noardersingel of oan de Westerplantaazje. Mear ynformaasje fine jo op pagina Haven Prinsetún Ljouwert.

Havens Grou

Yn Grou kinne jo yn 4 ferskillende havens oanlizze: de Pikmarhaven, de Hellingshaven, de Nije Kade en de Suderkade. Mear ynformaasje fine jo op pagina Havens Grou.

Warten

  • By de brêge yn Warten binne 8 lisplakken foar besikers. Dat is yn de buert fan de krusing tusken it Nijpaed en de Haadstrjitte.
  • Havenjild en wettertoeristebelesting betelje jo by de brêgewachter.
  • De brêgewachter komt by jo lâns. Betelje kin allinnich mei kontant jild.
  • De brêgewachter kin ynformaasje jaan oer de haven en de omjouwing.
  • Efter de tsjerke is in gebou mei wc’s en dûsen.
  • Jo kinne elektrisiteit brûke by de stroompylder. Dêrfoar betelje jo mei muntjild.

Jirnsum

  • Oan de Ryksstrjitwei (krusing Tsjerkebuorren) binne 8 lisplakken foar besikers.
  • Havenjild en wettertoeristebelesting betelje jo by hoarekabedriuw De Fantast. Adres:
    Rijksweg 132
    9011 VH Jirnsum
    Telefoannûmer 0566-601956
  • Sy komme by jo lâns. Betelje kin mei pinpas of kontant.
  • Hoarekabedriuw De Fantast kin ynformaasje jaan oer de haven en de omjouwing.
  • Der binne by dizze lisplakken gjin wc’s en dûsen.
  • Jo kinne hjir gjin stroom brûke.

Museumhaven Ljouwert

  • Yn de museumhaven oan de Willemskade yn Ljouwert lizze histoaryske skippen en farrende monuminten. Dit is in haven mei fêste lisplakken. Soms is der tydlik romte foar in skip dat in besite bringt oan Ljouwert.
  • Mear ynformaasje freegje jo op by havenmaster Robert Rinzema. Telefoannûmer 058-2338766 E-mail robert.rinzema@leeuwarden.nl.
  • Op de website fan Stifting Museumhaven fine jo mear ynformaasje en foto’s.

Kommersjele havens

Ljouwert

  • De Ljouwerter Jachthaven hat hast 700 plakken. Dêrfan binne 40 foar besikers.
  • Foar besikers is der altyd plak. De haven leit oan de Steande Mêstrûte en hat in soad foarsjenningen.

Warten

  • Midden yn it Fryske marregebiet leit de jachthaven fan Warten. De haven leit oan Nasjonaal Park De Alde Feanen.
  • De Stifting Jachthaven Warten beheart de haven.

Wergea

  • Yn Wergea binne ferskillende lisplakken foar besikers.
  • Mear ynformaasje fine jo op de website fan Toeristysk Wergea.

Reduzum

  • Yn Reduzum binne ferskillende lisplakken foar besikers.
  • Mear ynformaasje fine jo op de website fan Doarpsbelang Reduzum.

Havenreglemint

It Havenreglemint jildt foar de gemeentlike havens, de gebouwen en de terreinen dy’t dêrby hearre fan de gemeente Ljouwert. Meitsje jo hjir gebrûk fan? Dan moatte jo jo hâlde oan de betingsten yn dit Havenreglemint en de oanwizingen fan de havenmaster.

 

Kosten

As jo mei jo boat yn in haven fan de gemeente Ljouwert lizze, betelje jo havenjild.

Kosten plezierfeart
Havens yn Ljouwert De strekkende meter, per dei, € 1,96 (ynklusyf BTW).
Stoomboatshaed yn Warten De strekkende meter, per dei, € 1,47 (ynklusyf BTW).
Op ’e hichte fan de Rykswei 91 en 97 yn Jirnsum De strekkende meter, per dei, € 1,47 (ynklusyf BTW).
Havens yn Grou (per dei) De strekkende meter, per dei, € 1,66 (ynklusyf BTW).
Havens yn Grou (per moanne) De strekkende meter, per moanne, € 21,85 (ynklusyf BTW).

As jo yn de gemeente Ljouwert wenje, betelje jo gjin wettertoeristebelesting. Ek foar bern fan 5 jier of jonger betelje jo gjin wettertoeristebelesting.

Foar wetter en elektra hoege jo net apart te beteljen yn de besikershavens. Jo hawwe hjir fia it lisjild al foar betelle.