Fluch oan:

Oer it projekt

Bedriuweterreinen steane derom bekend dat der in soad stiennen binne en net folle grien. Dêrtroch wurde se yn hjitte simmers fluch ekstra hjit, en hawwe se by swiere rein gau lêst fan oerstreamingen. Troch klimaatferoaring bart dit hieltyd faker.

Hoe dogge wy dat?

De Himrik hat ek lêst fan dit probleem. Yn 2035 wol Ljouwert klimaatadaptyf wêze. Dat betsjut dat wy goed omgean kinne mei hjitte simmers of swiere reinfal. Dat wolle wy realisearje troch ûnder oare it griener meitjsen fan De Himrik. Yn totaal wolle wy 10.000 m2 oan stiennen ferfange troch grien en beammen. Ek wolle wy in ‘wadi’ oanlizze. In wadi is in griene greppel dy’ t reinwetter berget en suveret, wêrnei’t it wetter werom giet yn de ûndergrûn. Sa helpt de wadi tsjin wetteroerlêst en drûchte. Ek wolle wy in ‘griencoach’ oanlûke dy’t bedriuwen fergees advisearje sil oer wat se dwaan kinne op har eigen grûn.

Projektpartners

  • Sandyford BID CLG t/a Sandyford Business District (Ierlân)
  • Bonn Science Shop (Dútslân)
  • Gemeente Arnhim (Nederlân)
  • Gemeente Singen (Dútslân)
  • Lúksemboarchsk Ministearje foar Enerzjy en Romtlike Oardering (Lúksemboarch)
  • Dun Laoghaire Rathdown County Council (Ierlân)
  • Climate Alliance (International)
  • Green Energy Park (België)
  • Hessen’s Agintskip foar Natuerbehâld, Miljeu en Geology (Dútslân)
  • Lille European Metropolis (Frankryk)

Projektperioade

23 maart 2023 – 28 febrewaris 2027.

Totaal projektbudzjet

€ 8.974.360,-