Hûsnûmering
Elk gebou moat in hûsnûmer hawwe dat goed te sjen is. Ek yn it tsjuster. De eigener fan bygelyks de wenning, kantoar, of garaazje is dêr ferantwurdlik foar. Litte jo in gebou (fer)bouwe, splitse of gearfoegje? Freegje binnen 14 dagen in hûsnûmer oan.
Wolle of kinne jo dit net digitaal oanfreegje?
Download it formulier Oanfraach Hûsnûmerbeslút en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Wannear ûntfang ik myn hûsnûmer?
Binnen 6 oant 8 wiken stjoere wy de nûmerbeskikking nei jo ta.
Wêrom moat in hûsnûmer goed sichtber wêze?
It makket in gebou fluch en dúdlik te finen. Sikeauto’s, brânwacht, plysje en oare helpferlieners moatte fluch in gebou fine kinne. Dat kin fan libbensbelang wêze.
Wet- en regeljouwing
De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (lokaal):
- Gemeentewet
- Wet basisregistraasjes adressen en gebouwen (BAG)
De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal):
- Feroardering nammejouwing en nûmering (adressen) Ljouwert 2018
- Yn ‘Artikel 3’ stiet ûnder oare útlein dat boargemaster en wethâlders nûmeroantsjuttingen (bygelyks hûsnûmers) bepale fan ferbliuwsobjekten. In ferbliuwsobjekt kin bygelyks wêze: wenning, winkel, kantoar, garaazjeboks.
- Neiere regels op grûn fan de Feroardering nammejouwing en nûmering (adressen) Ljouwert 2018