Libbenleas berne berntsje ynskriuwe yn de BRP
Jo kinne jo libbenleas berne berntsje ynskriuwe yn de Basisregistraasje Persoanen (BRP). Dat dogge jo yn de gemeente dêr’t jo wenje. It makket net út nei hoefolle wiken swangerskip jo berntsje berne is, of hoe lang lyn oft dat wie. Is jo berntsje berne yn de gemeente Ljouwert? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert om in ôfspraak te meitsjen by de boargerlike stân.
In ’akte fan berte (libbenleas)’ nedich
Is der noch gjin akte of binne jo dêr net wis fan? Allinnich de gemeente dêr’t jo berntsje berne is, kin in akte meitsje. As jo net witte oft der in akte is, moatte wy of in oare gemeente dat foar jo útsykje.
Is jo berntsje berne yn Ljouwert?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Wenje jo yn de gemeente Ljouwert, mar is jo berntsje berne yn in oare gemeente?
Nim dan kontakt op mei dy oare gemeente.
Wenje jo yn de gemeente Ljouwert, mar is jo berntsje berne yn it bûtenlân?

Wat nimme jo mei nei de ôfspraak?
Dokuminten dêr’t út bliken docht dat jo berntsje libbenleas op ’e wrâld kommen is. Bygelyks:
- In ferklearring fan in arts, sikehûs of ferloskundige.
- In rouadvertinsje of ynformaasje oer de begraffenis of kremaasje.
- In jildich identiteitsbewiis fan josels (paspoart, ID-kaart of rydbewiis).
- Eventueel jo trouboekje, sadat jo berntsje dêryn byskreaun wurde kin.
Hawwe jo dy ynformaasje net? Nim dan kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Wat bart der nei de ynskriuwing?
Nei de ynskriuwing stiet jo berntsje op it oersjoch mei jo persoansgegevens. Dat oersjoch krije jo mei. Ek stiet jo berntsje by jo gegevens as jo ynlogge yn MijnOverheid.nl. It kin oant 2 of 3 dagen nei de ynskriuwing duorje foar’t jo dit sjogge. Wy jouwe de ynskriuwing net troch oan oare organisaasjes dy’t de BRP brûke. Jo soarchfersekering, de Belestingtsjinst of de Sosjale Fersekeringsbank krije dus gjin berjocht.
Hoe lang duorret it oant jo berntsje ynskreaun stiet?
Dat ferskilt per situaasje. Soms kinne wy jo berntsje fuortdaliks by de ôfspraak yn de BRP opnimme. Bygelyks as jo de ‘akte fan berte (libbenleas)’ meinimme nei de ôfspraak, of as de akte al yn ús systeem stiet. Hawwe jo de akte net of witte jo net oft der doedestiids in akte opmakke is? Dan sykje wy dat foar jo út. Dat kin in pear dagen of wiken duorje. As jo berntsje yn in oare gemeente berne is, moatte jo rekken hâlde mei de ferwurkingstiid fan dy gemeente.
Wichtich om te witten
- Jo binne net ferplicht om jo berntsje by jo persoansgegevens sette te litten. Jo kieze sels oft jo dat wolle.
- Dy kar is persoanlik. Jo dogge foar josels in fersyk om jo berntsje ta te heakjen oan jo persoansgegevens. Wol de oare âlder dit ek? Dan moat de oare âlder sels ek in fersyk dwaan. Dat kin allinnich persoanlik op it gemeentehûs. Net fia de post of fia e-mail.
- Jo kinne jo kar altyd wer feroarje.
- Wenje jo net yn Nederlân? En stienen jo net yn Nederlân ynskreaun doe’t jo berntsje berne waard? Dan kinne jo jo berntsje net yn de BRP ynskriuwe litte.
- Hawwe jo sûnt 1 oktober 1994 net mear yn Nederlân wenne? Dan kinne jo jo berntsje net yn de BRP ynskriuwe litte. Jo persoansgegevens sitte dan net yn de BRP. Dêrom kinne wy jo berntsje dêr net oan taheakje.
- It makket gjin ferskil oft jo bern nei in swangerskip fan mear of minder as 24 wiken libbenleas berne waard.
- Jo kinne de foarnammen en efternammen fan jo bern yn de akte opnimme litte. Yn de akte steane ek de nammen fan jo en jo partner.
- Jo kinne jo berntsje ek byskriuwe litte yn jo trouboekje.
Mear ynformaasje of kontakt mei de gemeente Ljouwert
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert, of gean nei de website fan de Ryksoerheid.
Kosten
- It opmeitsjen fan in akte is fergees.
- It ynskriuwen fan jo berntsje yn de Basisregistraasje Persoanen is fergees.
- In kopy fan de akte oanfreegje kostet € 16,60.
- Jo krije nei de ynskriuwing fergees in úttreksel Basisregistraasje Persoanen mei. As jo it úttreksel op in letter momint oanfreegje, betelje jo € 16,60.