Fluch oan:

Beliedsregels ynkeap en oanbesteging

It Oankeap- en Oanbestegingsbelied fan de gemeente Ljouwert 2018-2022 soarget derfoar dat ûndernimmers gelikense kânsen hawwe op opdrachten fan de gemeente. De regels binne basearre op de Europeeske wet- en regeljouwing. Dy bepaalt dat wy in opdracht dy’t likefolle of mear bedraacht as in bepaald drompelbedrach, ferplicht Europeesk oanbesteegje moatte.

Ynkeapbetingsten

Op alle tsjinsten en leveringen oan de gemeente binne de Ynkeapbetingsten 2014 fan tapassing.

Offerte

Op Tendernet fine jo in oersjoch fan alle wurken, tsjinsten en leveringen dêr’t jo fia in iepenbiere oanbesteging in offerte op útbringe kinne. Lytsere oankeapen en oanbestegingen wurde faak streekrjocht ynkocht.

Europeeske oanbestegingsregels

Mear ynformaasje fine jo op it Kennisportal Europeeske oanbesteging.

Oanmelden groslisten foar wurken

De gemeente Ljouwert wurket fan 1 febrewaris 2023 ôf mei groslisten foar de ynkeap fan wurken. Hjir kinne jo lêze wat dat ynhâldt en hoe’t it wurket.

Groslistsystematyk by wurken

Om inkelfâldige en mearfâldige ûnderhânske oanbestegingen sa transparant en objektyf mooglik ferrinne te litten, makket de gemeente tenei gebrûk fan groslisten. Wy wurkje dêryn gear mei de ûndersteunende organisaasje Qfact. In groslist is in list mei per wurkfjild ynteressearre en geskikte bedriuwen dy’t foldogge oan yn it foar opstelde geskiktheidseasken, dêr’t de gemeente út selektearje kin. De bedriuwen op de groslisten hawwe net de wissichheid dat se by elke oanbesteging útnûge wurde.

De systematyk mei groslisten is foarearst allinnich fan tapassing op ús oerheidsopdrachten dy’t yn it ûndersteand oersicht oanjûn binne. Op dit stuit kinne jo jo as ynteressearre oanmelde foar de folgjende fakgebieten/listen.

Groslisten

1. Asfalt: rekonstruksje, oanlis en ûnderhâld.
2. Eleminteferhurding: oanlis, ûnderhâld en werynrjochting.
3. Riolearring: oanlis en ûnderhâld.
4. Grien: oanlis en ûnderhâld.
5. Lytse wetterboukundige konstruksjes: oanlis en ûnderhâld.
6. Sivile konstruksjes betonbou: oanlis.
7. Sivile konstruksjes betonbou: ûnderhâld/renovaasje/konservearring.
8. Sivile konstruksjes stielbou: oanlis, grut ûnderhâld/renovaasje.
9. Sivile konstruksjes stielbou: konservearring.
10. Sivile konstruksjes elektrotechnyk en yndustriële automatisearring: oanlis en ûnderhâld.
11. Baggerjen.
12. Grûnwurken: grut grûnferset.

Oanmelde

As jo ynteressearre binne om mei te tingjen by opdrachten dy’t fan tapassing binne op boppesteande fakgebieten, kinne jo dat witte litte fia groslijsten@leeuwarden.nl.

Jo krije dan fan ús in útnûging mei dêryn ynformaasje oer hoe’t jo jo oanmelde kinne fia de website fan Qfact (foarhinne EMVI-Prestatiemeting).

Oanmelde foar meardere groslisten

Jo kinne jo as ûndernimmer foar meardere groslisten oanmelde. Per groslist moatte jo foldwaan oan de stelde easken en de bewiisstikken oanleverje dy’t dêrfoar nedich binne, dêrûnder it Unifoarm Europeesk Oanbestegingsdokumint (UEA). Dat dokumint kinne jo by it oanmelden downloade. As jo jo oanmeld hawwe foar in groslist, moatte jo sels jo gegevens aktueel hâlde. Mear ynformaasje oer de tapaste systematyk en de stelde easken fine jo yn it dokumint Groslist en seleksjesystematyk Gemeente Ljouwert.

Fragen oer it proses, oanmelde en registrearje?

Stjoer dan in e-mail nei helpdesk@qfact.nl. Under kantoaroeren wurde fragen gewoanwei binnen 24 oeren yn behanneling nommen.