Fluch oan:

Foarbylden

  • Spullen foar de kringloop. Bygelyks meubels, tv’s, wytguod, twaddehâns guod of klean.
  • Grutte en lytse elektryske apparaten (AEEA).
  • Snoeiôffal of grutte en lytse tûken.
  • Meubels, fytsen, izerguod, flierbedekking of matrassen.

Kosten

Grut ôffal fuortbringe

Grut ôffal fuortbringe is altyd fergees as jo it skieden, per soarte materiaal, oanleverje. Slagget it net om it ôffal te skieden? Dan kinne jo it 2 kear fergees fuortbringe. Meitsje altyd earst in ôfspraak by de Miljeustrjitte. Nei de 2e kear jilde de folgjende tariven (dizze kosten betelje jo by de Miljeustrjitte):

  • Foar it ynleverjen fan net-skieden grut ôffal, net-skieden bou-ôffal en sloopôffal, daklear, gipsplaten en gipsblokken, hout en pún betelje jo:
    • Kofferbak persoane-auto € 6,-.
    • Oanhinger lyts € 15,-.
    • Oanhinger middelmaat € 25,-.
    • Oanhinger grut € 40,-.
  • De kosten foar de oare ôffalstreamen binne:
    • Autobân fan persoane-auto mei felling € 5,-.
    • Autobân sûnder felling fergees.
    • Motorbân mei of sûnder felling € 5,-.
    • Akku grut € 5,-.
    • Alle ôffal yn in pûde is € 2,- per pûde.

Grut ôffal ophelje litte

Opheljen fan grut ôffal is twa kear yn it jier fergees op de spesjale opheldagen (maksimaal 1 kúb). Wolle jo grut ôffal faker of op in selskeazen datum ophelje litte, dan kostet it € 62,- foar 1 kubike meter. Meitsje altyd earst in ôfspraak by Omrin.

In bakfyts of oanhinger liene?

Maklik jo ôffal nei de Miljeustrjitte bringe? Reservearje dan in bakfyts of oanhinger by Omrin, fia 0900-21 00 215.